Weppers freed 18-9-2026
18 september 2026Grote Clubactie
20 september 2026Mochten jim wat te melden hawwe oer ien fan dizze wedstriden dan kin dat maild wurde nei aant@vv-sds.nl en willem@vv-sds.nl.
Teamfoto’s binne fan herte wolkom.
| 09:15 | ST SDS/Nijland O11-1 – FVC O11-2 | 15-1 |
| 09:15 | SDS O9-2 – SC Bolsward O9-3 | 5-6 |
| 09:15 | SDS O8-1 – Mulier O8-1JM | 11-1 |
| 10:00 | SDS O13-1 – SJO DFC O13-1 | 2-3 |
| 10:00 | ST SDS/Nijland O12-3 – S.F. Deinum O12-1 | |
| 10:30 | SDS O10-1 – Scharnegoutum’70 O10-2 | 13-2 |
| 10:30 | SDS O9-1 – Tzum O9-1JM | 2-5 |
| 10:45 | ST SDS/Nijland O12-2 – Makkum O12-2 | 5-1 |
| 12:00 | SDS 4 – Mulier 2 | 1-2 |
| 14:30 | SDS 1 – Leeuwarder Zwaluwen 1 | 2-6 |
| 14:30 | SDS 2 – V.V. Heeg 2 | 2-1 |
| 08:30 | Blauw Wit ’34 O8-6 – SDS O8-2 | 17-1 |
| 08:45 | LSC 1890 O12-1 – ST SDS/Nijland O12-1 | 9-1 |
| 08:45 | LAC Frisia 1883 O9-5 – SDS O9-3 | 6-5 |
| 09:00 | ONS Sneek O14-2 – ST SDS/Nijland O14-1 | 0-2 |
| 09:00 | FC Birdaard MO13-1 (9-tal) – SDS MO13-1 (9-tal) | 4-5 |
| 09:00 | SC Bolsward O11-2 – ST SDS/Nijland O11-2 | |
| 10:30 | SC Franeker O15-1 – ST SDS/Nijland O15-1JM | 11-2 |
| 12:00 | Leovardia O19-1 – SDS O19-1 | 2-1 |
| 12:30 | Workum 4 – SDS 3 | 3-2 |
| 14:30 | GAVC O17-1 – ST SDS/Nijland O17-1 |
Pupillen fan de wike

Sven Vellenga en Ytsen Atsma binne de pupillen fan de wike
SDS 1 – Leeuwarder Zwaluwen 1
In folle better Leeuawarder Zwaluwen giet mei in 2-6 oerwinning nei Ljouwert
Doelpunten SDS Gerbrand Kramer (strakskop, sjoch foto Helga Degeling) en Ate Schaap,
It kleure yn de twadde helte foaral read bij SDS 1.
Twa spilers en ien koach moasten efter it stek plaknimme.
Douwe

SDS 2 – Heeg 2
De oprop foar in skiedsrjochter die fertuten.
Wij seagen Tjeerd Dijkstra yn it fjild en hij seach dat SDS 2 krekt foar tiid de 2-1 makke.
SDS 2 wint op it nippertsje mei ‘us Ewout’ yn de frije rol
SDS 2 hat trije punten oerholden oan de wedstriid tsjin Heech. It wie gjin wedstriid mei eachstealend fuotbal, mar oan striid (foaral yn de earste helft fan it potsje) ûntbruts it net. Foaral de hurde wyn hie in soad ynfloed op it spul disse sneon (we moasten toch een excuus betinke). Ek hie de coach hjoerd us fertrouwde systeem omgoait en wie us Ewout fan de 6 ferhuze nei de kalklinen en mocht er it op de linksheal probearje. Hjir krieg er de ‘frije rol’, wat wol efkes wennen wie foar us veteraan. Wol levere dit yn it begjin fan de wedstriid wol wat kânsen op.
Yn de earste helte fuotballe SDS 2 noch aardich maklik. In lange bal fan Pieter foel tusken de keeper en Kees yn. Kees wie der as de hinnen by en skeat behearst 1-0 binnen. Dat wie ek de rêststân.
Nei de rêst kaam Heech troch in wat gelokkige klutsgoal op 1-1. Net nedich, mar ek die telle. It fuotbal waard der yn de twadde helte net better op, mar beide ploegen bleaunen fjochtsjen foar elke meter.
Doe’t it derop like dat de wedstriid yn 1-1 einigje soe, sloech SDS 2 yn de 89ste minuut noch ien kear ta. Sietze smiet yn, Auke keatste de bal al (of net hielendal mei opset🫣) troch nei Jelte Pieter. Dy hie ferskate mooglikheden, mar keas foar Kees. Kees sette Redmer frij foar de keeper, en Redmer bleau koel: 2-1!
Sa pakte SDS 2 op basis fan in soad striid, en net altyd mei it bêste fuotbal, dochs de winst. Folgende wike sjoch we jim wer graach lâns de side, dan stjit de pleatselike derby wer op it programma. De jongfeiten fan SDS 2 kin zich dan wer opmeitsje foar een pot tsjin de blauw-wiite enclave ut Nijlan, oftewol een wiere derby!
Bijwêze is meimeitsje!
Oant sneon.
Mei freonlike groet,De skriuwkommisje SDS 2
Workum 4 – SDS 3
SDS 3 pakt in kreas puntsje by Workum 4; 3-3
Niels⚽️
Wiltsje ⚽️
Michael⚽️
SDS 4 – Mulier 2
Mulier 2 waard foarich seizoen noch kampioen ynde Reserve-6e-Klasse, mar keas der foar om net in klasse omheech. Begryplik. Hielendal as je dan op ‘e nij yn de Reserve 6e-Klasse tsjin de mastodonten fan SDS 4 meie. Mulier wûn al, mar mei in 2-1 ferlies koe SDS 4 wol libje. Lieuwe Vriesema makke de goal foar SDS 4.
ONS Sneek O14-2 – ST SDS/Nijland O14-1
Na een goede trainingsweek mochten we het opnemen in Sneek tegen ONS Sneek. De tegenstander had beide partijen tot nu toe gewonnen en begon dus als favoriet.
Met een iets andere spelstijl begonnen we goed. Zodra ONS ook maar een speler van ons voorbij kwam was daar nummer 2 en/of 3. ONS had een paar grote knapen erbij die wel een ballletje konden trappen. Gelukkig was het vizier niet goed afgesteld of stond Renco in de weg. Net voor rust scoorde Ids de 0-1. In de rust werden weer even de puntjes op de i gezet en begonnnen we weer aan de tweede helft. Even leek het erop dat ONS de aansluitingsftreffer zou maken maar Renco hield zijn goal schoon mbv de achterhoede. Een corner van Jelke belandde bij onze beste kopper en die wist hier wel raad mee. Ids kopte hem binnen en zorgde voor een onoverbrugbaar verschil in de stand. Daarna had Ids ook nog de 0-3 op zijn schoen maar de paal stond in de weg.
Al met al een mooie uitslag tegen een goed team. Het had ook anders kunnen lopen, maar vandaag waren wij de gelukkigste.
Jappie


