Weppers freed 18-4

SDS League: "Torpedo Toering" op stoom!
17 april 2014
Seleksjes 19-4
17 april 2014

SDS D4
SDS D4 moat moarn om 11.15 thús fuotbalje. De mannen wurde om 10.45 yn de boks ferwachte.
Libbe


Efkes Balje
Der hat in tiid west dat wij hjir op freed in melding makken oer it Efkes Baljen dy’t tsjinne as oprop. Dat oproppen hoecht hast net iens mear. It is in fêst punt yn de agenda fan hieltyd mear leafhawwers. Jûn wer dus om 19.30 oere.

Programma
It komplete programma fan moarn kinne jim
hjir sjen. It komt allegear iets oars no ’t SDS D1 – Nieuweschoot D2 ôflast is en SDS 2 – Friesche Boys 2 no om 12.30 begjint. De kampioenswedstryd tusken SDS 5 en EBC 2 begjint dan om 14.30.  Ek A2 hoecht sneon net los.

C1
C1 hat justerjûn mei 1-1 lykspile yn Hommerts tsjin de kombinaasje Hommerts/Oudega C1

A1
De A1 hat oant no ta 10 wedstriden foutballe, en neffens ’t lêste skema moatte se fanôf no noch 10 wedstriden spylje in 6 wiken.
Ideaal, die yndielingen fan de bond, ynhel wykeinen fry, 1 wedstriid in novimber, 1 in febrewaris sûnder winter, foaral omdat no ek ’t keatsen begûn is en de measte jongens fanôf 14 maaie yn de eksamens sitte.
Neffens mij binne we straks mei de freule nog oant foutbaljen……….
Boudewijn.

Lokwinsken
Hjoed geane ús lokwinsken nei Ate Vellinga. Dizze eardere brêgewipper yn Wommels, muzykkenner en Stones fen fan it earste oere en lid fan de Bunnikside fan SDS fiert hjoed syn jierdei. Hij wurdt begjin 60.

Seleksje
It kin net oars of de seleksjes fan SDS 1 en SDS 5 binne hielendal kompleet. SDS 1 omdat sij miskien wol de earsten binne dy’t in oerwinning helje op Nijland en SDS 5 omdat se no ien kear allegear in kear op in platte wein sitte wolle. Wij sille letter hjoed sjen hoe’t it liket.

13 man!
Maarten de Jong treft it moarn mar. Hy hat moai 2 wiksels, dus dat moat slagje mei sawol Pieter as Lieuwe van der Valk mei……

SDS 1 – Nijland 1
Ien fan de wepmasters (dy fan de bril, it burd en de lisfyts) sjocht efkes foarút. Hij hat sels de goaden oansprutsen. Sjoch
hjir.

DJ E.T.
Nei ôfrin fan SDS 1 – Nijland 1 sil DJ E.T. plaatsjes draaie yn de kantine foar jong en stokâld. Plaatsjes kinne jim alfêst oanfreegje fia info@vv-sds.nl!

Harsens derby(1254)
Út sear ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat sy by VV Nijlân nei oanlieding fan foarige wike ekstra oefene hawwe op hoekskoppen: