SDS League: "Torpedo Toering" op stoom!

Weppers tongersdei 17-4
16 april 2014
Weppers freed 18-4
17 april 2014

It is dizze wike “Torpedo Toering” fan Jaap dy ’t de wykpriis pakt. Jaap syn team giet de lêste wiken as in raket en sûn ’t hy sneon foar it earst mei syn soantsje Brend by it fuotbaljen west hat liket it noch better te gean. Ynmiddels stiet Jaap al 11e en hat hy syn grutste konkurrint Sjoerd van Beem mei “Aan de kant ik moet naar het stadion” al fier efter him litten.


“Torpedo Toering” op stoom!

“Algemeen Fons” fan Sjoerd Rispens stiet ek dizze wike noch boppe-oan yn de SDS-League. De konkurrinsje komt allinnich al tichterby. It is dizze wike Stefan van der Velde mei “Gouden Loekie” dy ’t op 6 punten efterstân 2e stiet.

Foar Dick Schuurman is it dizze wike in “Dickie Dip” ynstee fan “Dickie Dick”. De skea falt mei, want hy sakket mei mar 24 punten fan 2 nei 3.

De wike foar Hendrik de Jong kin hast net mear stikken. Earst al 2 kear juicht mei SDS 2 en 3 fan ‘e wike en no mei “We gaan JUICHEN” ek noch koprinner fan it rjochterrijtsje yn de SDS-League.

Rients “FC de Boer” hat syn jild fan de poedelpriis al lang op nije spilers setten foar de SDS-WK-League.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 9.