Weppers freed 18-2-2022

SDS-League: 3 wykpriiswinners diele de wykpriis!
17 februari 2022
Sneon 19-2-2022
19 februari 2022

Sûnder restriksjes

Moarn is it eindelijk safier. De kantine mei wer iepen sûnder QR-koades en oardel meter ôfstân. It belooft in alderaardichste dei te wurden mei middeis SDS 2 en 3 thús. Kom allegear!
Tongersdeis is de kantine ek wer gewoan iepen.

Nije wike sneon

Nije wike sneon 26 febrewaris spilet SDS 1 foar it earst wer ris in kompetysjewedstriid thús. Sûnder QR-koade, sûnder 1,5 meter, mar nei de tiid al DJ Baggel en Draaiend Rad. No al nocht yn! En dêrmei binne wy noch net klear, mar dat heare jim nei it wykein wol.

SDS seal

Woansdeitejûn hat SDS seal mei 3-7 ferlern fan Haskerland 3.

DWP 1- SDS 1

SDS 1 reizget sneon ôf nei Sint Jânsgea om oan te treden tsjin DWP 1.  DWP hat 3 punten mear. SDS is de minst skoarende ploech yn dizze klasse mar miskien hawwe se dizze wike de goeie formule fûn, want tsjin Oosterlittens 1 waard it mar leafst 6-1 yn it goeie oefenwedstriid.
Om 14.30 begjint it dêr.
De seleksje: Jaap, Erik, Gerbrand, Gerwin, Jelte-Pieter, Lourens, Matthijs, Peter, Pieter, Remco, Steven, Teun, Wesley, Wiebe en Wierd.

Basis

Mei dizze hurde wyn ferwachtsje wy moarn by SDS 1 yn elts gefal Wesley van de Wint yn de basis 😉

SDS 2 – Drachtster  Boys 4

Om 14.30 treedt SDS 2 oan tsjin Drachtster Boys 4, de koprinner. Benijd hoe ’t beide ploegen út de ‘Koronastop’ kommen binne.
Dizze seleksje wurdt om 13.30 oere yn de boks ferwachte:
Mark, Anco, Douwe-Jan, Sjoerd, Arjen, Bauke, Jort, Kevin, Lieuwe, Robin, Sjoerd de V, Tom en Wessel.

SDS 3 – VVI 3

Ferline wike slagge it net om de seleksje op oarder te krijen foar de útwedstriid. No slagget it al. De wedstriid is no om 12.15 yn Easterein. En dizze seleksje wurdt om 11.30 oere op it sportkompleks ferwachte:
Marten, Hendrik de J, Anne, Bote, Frank, Inne, Jelmer, Jildert, Mark, Tsjipke, Willem, Tjeerd en Tom.

Sneek Wit Zwart VR 1 – SDS VR1 g.n.t.

De wedstriid fan de froulju giet spitich genôch net troch.

Harsens derby (2350)

Toet, toet!