SDS-League: 3 wykpriiswinners diele de wykpriis!

Weppers moandei 14-2-2022
14 februari 2022
Weppers freed 18-2-2022
18 februari 2022

Dizze wike mar leafst 3 wykpriiswinners; ‘Happy Feet’ fan Emke & Habtamu de Hoop, ‘Wout & Harm’ fan Harm Dijkstra en ‘Op nei de Top’ fan Marten Faber. Sy hienen allegear 49 punten.

Marten Faber steeg mar leafst 32 plakken en wol dúdlik mei gang ‘Op nei de Top’.

Ferline wike like ‘Happy Feet’ ek al de wykpriis te pakken, mar gie ‘BarbEeltje’ Postma der krekt mei fan troch. It docht no wol bliken dat as je ‘Feet’ by stik hâlde je dochs noch in wykpriis pakke…

‘BarbEeltje’ Postma pakte ferline wike noch de wykpriis, mar fisket no efter it net en stiet 13e.

Je moat Stafen van der Velde neijaan dat hy mei ‘Moast dy bal foArjan’ it in stik better docht as foar de winterstop doe ’t hy stiif lêst eindige.

‘Bergosso’ fan Jan Friso Bruinsma nimt it lêste plak oer fan ’10 wintertranfers’ fan Anouk & Johan Delfsma. It is mear ‘Bergôfso’ sis mar…….

SDS League 2021-2022 stand twadde helte wike 2