Weppers freed 18-11

Weppers tongersdei 17-11
16 november 2011
Seleksjes 19-11
17 november 2011

Programma
It programma foar moarn sjocht der
sa út.

SDS 4 hoecht net
It probleem mei it finen fan in skiedsrjochter foar de wedstryd tusken SDS 4 en Lions ’66 3 is ek oplost. Lions ’66 belle justerjûn ôf………

SDS B1
Wy krigen wer in berjochtje binnen fan de sekretaresse fan de B’s:
De B-junioren spelen zaterdag om elf uur in Lemmer, ze worden om half tien op het sportpark verwacht. 
Groet van Hester

A-seleksjeleden nei de sponserjûn?
Takom wike tongersdei begjint om 20.00 oere de
sponserjûn. At der A-seleksjeleden binne dy’t der
graach bywêze wolle, dan kin dat fansels! Yn dat
gefal graach moarn opjaan by Dirk-Yde. It kost
mar € 5,- (by opjefte betelje) en dan krije je der ek
noch in stik of wat konsumpsjes by.

Meiden voetbalclinic bij ONS Sneek
KNVB stimuleert kennismaking met voetbal bij de meiden
KNVB Noord organiseert, in samenwerking met ONS Sneek, de gemeente Súdwest Fryslan en het vrouwenteam van sc Heerenveen op woensdag 23 november een meiden voetbalclinic.
De meiden voetbalclinic is een kennismakingsevenement voor meiden die graag willen voetballen. Het evenement vindt plaats op het complex van ONS Sneek en is van 16.00 tot 18.00 uur. Aansluitend om 19.00 uur spelen de vrouwen van sc Heerenveen een oefenwedstrijd tegen het KNVB Talent Team.
Aan deze clinic kunnen alle meiden van 6 t/m 12 jaar gratis mee doen, ook als zij geen voetbalervaring hebben of geen lid zijn van een vereniging.
Ben je een meisje tussen de 6 en 12 jaar en wil je graag meedoen aan de clinic meld je dan voor 22 november aan bij Fokke Jansma:
efjeje@home.nl.

Klaverjassen
Der wie justerjûn klaverjassen yn de kantine. 12 man/frou striden om de fleisprizen. Wa oars as slachter Lolke Bouma gie mei de haadpriis nei hûs. Geert Dijkstra wie twadde en Hilbrand Drost wist him ek te ûnderskieden mei in tredde priis.

Tip(1)
Douwe-Dirk Reitsma tipte ús in skoftke lyn al oer in tige nijsgjirrige webside mei allegear âlde foto’s makke yn Littenseradiel. Sa is de
âlde kantine te sjen en de âlde klaaihokken. De foto’s binne makke yn 1989.

Tip(2)
Foarige wike hawwe wy hjir al melding fan dien, mar foar de lju mei in min geheugen noch ien kear ús tip. Jan Nota spilet sneon fanôf 20.00 yn de Tsjerne. Foar €5,- kinne je nei binnen. Jûn begjint de
foarferkeap.

Van Gaal en Cruijjf
Eltsenien wit dat Louis van Gaal en Johan Cruijff net troch ien doar kinne, mar wêrom eins net? Dit is it ferhaal.

Harsens derby (614)
As je ien graach witte litte wolle dat je gek op him binne en degene graach oankrûpe wolle is it miskien net hiel geskikt om dit op in fuotbalfjild te dwaan: