Weppers freed 18-1-2019

Weppers tongersdei 17-1-2019
17 januari 2019
Sneon 19-1-2019
18 januari 2019

Kantine iepen!

De kantine is moarn sawisa iepen fan sa ’n 9.30 oere oant 14.30 oere. Dat betsjut dat elkenien moarn efkes in bakje kofje helje kin. Anna-Marie Wijnia sil earst bardraaie en dêrnei Akke-Rixt Zysling. Dat is super!

SDS 1 nei Heeg

SDS 1 moat moarn wer los foar de kompetysje tsjin Heeg 1. Sy spylje yn Heech om 14.30 oere. It fjild yn Heech wurdt keurd om 11.00 oere.
Heeg 1 stiet op dit momint 1 puntsje ûnder SDS 1. Hooplik kinne wy der 4 fan meitsje.
Dizze seleksje sil sjen dit foar elkoar te krijen:  Jaap, Remco, Jacob-Klaas, Marco©, Gerwin, Ewout, Frank, Pieter, Lourens, Jelmer, Matthijs, Bauke, Wiebe, Steven, Hendrik, Gertjan en Erik.
12.30 oere oanwêzich
12.45 oere besprekking
13.00 fertrek

SDS oefenje tsjin Makkum 1?

Mocht de wedstriid Heeg 1 – SDS 1 net trochgean dan oefent SDS thús tsjin 4e-Klasser Makkum 1. Yn de 4e-Klasse begjint de kompetysje pas wer op sneon 9 febrewaris.

SDS 4 net nei QVC 3

De kompetysjewedstriid QVC 3 – SDS 4 stie foar de tredde kear dit seizoen op it programma, mar giet op ‘e nij net troch. De nije datum is no sneon 2 febrewaris.

SDS Vr.1 oefent tsjin vv Heerenveen Vr.1

De froulju fan SDS Vr.1 oefenje moarn om 12.00 oere thús tsjin vv Heerenveen Vr.1. vv Heerenveen Vr.1 spilet yn de 3e-Klasse. SDS Vr.1 yn de 4e-Klasse.
Dizze seleksje wurdt moarn om 12.00 oere yn de bestjoerskeamer ferwachte:
Marjo, Hester, Alissa, Sietske, Femke, Kirsten, Jeska, Seriette, Elske, Sieta, Richtsje, Petra en 2 famkes.

SDS 2 oefent tsjin Rottevalle 2

SDS 2 sil moarn om 12.00 oere oefenje út tsjin Rottevalle 2. Rottevalle is de âlde klup fan SDS 2-trainer Okke van der Kamp. Rottevalle 2 spilet ien klasse leger as SDS 2. namelijk yn de Reserve 3e-Klasse.
Dizze seleksje sil om 10.30 oere fertrekke út Easterein: Marten, Feite, Jort, Jurjen, Bote, Jesse, Niels, Anne, Inne, Ralph, Watze, Yward, Dirk en Lieuwe.

SDS JO17-1 oefent tsjin ONS JO17-1

De mannen fan SDS JO17-1 sille moarn om 9.30 oere thús oefenje tsjin ONS JO17-1. ONS JO17-1 spilet 3e-Divisie.

Nije ‘woskfrou’ SDS 1!

Neist Tineke Kamstra hawwe Jan en Geeske de Jong oanjûn ek wol ien kear yn de twa wiken de sjurts en broekjes fan SDS 1 útwoskje te wollen. Hjir binne wy tige wiis mei!

SDS nei it OFK 45+

Op sneon 2 febrewaris is yn sporthal De Trije it Iepen Frysk Kampioenskip (OFK) foar 45+-sealteams. Dit kear is SDS ek fan de partij mei in ploegje. Foar SDS sille Tjeerd Dijkstra, Anco Elgersma, Klaas van de Weg, Ids Boersma, Jacob-Jan Oostra en Pieter de Vries meidwaan. Frans Stap sil keepe en as hy net fit is dan keept Johan Heerma. Wy binne noch op syk nei noch ien of twa 45+’ers.
Oant no ta hawwe 18 teams harren opjûn.

Harsens derby (2094)

Sa moat it dus net……………………….. sa wol!

Letter miskien wol mear!