Weppers tongersdei 17-1-2019

Weppers tiisdei 15-1-2019
15 januari 2019
Weppers freed 18-1-2019
18 januari 2019

André Vink giet revalideren

André Vink leit net mear yn it sikenhûs yn Snits. Hy is ynmiddels yn de Bloemkamp yn Boalsert om fierder oan syn werstel te wurkjen. Set ‘em op, André!

1/2 woskfrou socht foar sjurts SDS 1!

Wy hawwe ynmiddels ien fûn dy ’t de sjurts fan SDS 1 wol útwoskje wol. Tineke Kamstra wol dit ien kear yn de twa wiken wol dwaan. Dat is super!
Wa soe dit dy oare kearen wol dwaan wolle?
Lit it Willem Wijnia witte! (willem@vv-sds.nl)
De kosten foar it woskjen fan de jurts kin deklareard wurde by de ponghâlder fan SDS.
Broeken €3,-, sjurts €6,- en trainingspakken €8,- per kear per hiel alvetal.

Kantine iepen?

Sneon binne der twa oefenwedstriden yn Easterein. Om 9.30 oere oefent de JO17-1 tsjin ONS JO17-1 en om 12.00 oere SDS Vr.1 tsjin Makkum Vr.1. Wy sykje noch frijwilligers om yn de kantine te stean sneon. Hooplik kin der dan iepen.

It mirakel yn Harns

Wij skriuwe it seizoen 2010-2011. Der is noch ien wedstriid te spylen yn de twadde klasse J. It is razend spannend ûnderyn. Wa degradearret en wa komt yn de neikompetysje. Zeerobben, SDS, it Fean 58, Minnertsga en VVI binne de kandidaten. SDS moat tsjin Zeerobben en  tidens de wedstriid heare se ek noch dat it Fean in puntsje  der bij krigen hat omdat se it berop fan in punt yn mindering wûn hawwe….

It hiele seizoen 2010-2011 kinne jim hjir besjen.