Weppers freed 17-5

SDS League: OZZY Rules kampioen!
16 mei 2013
Seleksjes sneon 18-5
16 mei 2013

B1
B1 hat justerjûn yn min waar spile tsjin Frisia B3. It hie moai west at wij de útslach wisten, mar sosjale media lykje net altiten goed te wurkjen. Mar…..tank sij Boudewijn Kramer kinne wij jim meidiele dat Friso Albada de man fan de wedstriid wie, dat it best 9-3 wêze kinnen hie, mar dat 2-2 de einstân wie.

B1
Sneon giet de wedstriid fan B1 net troch. Dizze kear hat SDS te min spilers troch blessures en keatsen.

Foto’s SDS E1 – HJSC/Oudega E1
Henk Bootsma wie tiisdei yn Âldegea by SDS E1 – HJSC/Oudega E1 om ’t syn frou yn it ferline oppast hat op bern fan HJSC/Oudega-coach en âld-haadklassekeatser Coos Veltman. Sjoch hjir foar de foto’s.

SDS E2/F3 – ONS E2/F2
SDS E2 en F3 moatte moarn beide yn Snits fuotbalje om 9.00, meie harren omklaaie yn boks 11 en fuotbalje op fjild 3. Nee, se hoefe net tsjinelkoar, mar meie neistelkoar tsin ONS. Dan wurdt it 14 tsjin 14 sis mar.

It programma
It programma fan moarn sjocht der noch
sa út.

Efkes Balje
Om 19.30 oere yn Wommels. Sjoch foar de spilers bij seleksje. Gasten wolkom.

Trainers/lieders gearkomst jeugd
Op tiisdei 28 maaie om 19.30 gearkomst fan trainers/lieders jeugdsteams SDS.
Op de wurklist de folgjende saken:
• Nieuws JC/TC
• Evaluatie winterprogramma
• Evaluatie 2e seizoenshelft
• Stand van zaken teamindelingen 2013/2014
• Vooruitblik nieuw seizoen
• Rondvraag/sluiting

Twee Nul
In nijsgjiirich artikeltsje op
Twee Nul oer de topskoarder aller tiden fan SDS.

Twee Nul
Ek op
Twee Nul in begjin fan in oersicht fan spilers dy’t feroarje per nije seizoen.

Topper
Moarn wurdt de kompetysje yn de 2e Klasse I op de lêste spyldei beslist. Yn Burgum stiet dan dé kraker op it programma tusken BCV 1 en Leeuwarder Zwaluwen 1. Wa ’t wint is kampioen.

Demontabel
As sy by FC Dordrecht in
demontabel stadion krije dan moat SDS dochs seker wol in demontabel keunstgersfjild krije kinne?

Harsens derby(1030)
Mark van Bommels stoppet mei fuotbaljen en wol trainer wurde. Hy kin miskien better te golfen: