Weppers freed 16-5

Weppers tongersdei 15-5
14 mei 2014
Seleksjes sneon 17-5
15 mei 2014

SDS 5 slotjûn
It Fiifde hat sneon mei 22 man ien in grutte tent bij Harm en Vera it slotfeest fan in besûnder jier!! De bbq giet healwei seizen oan mei in lekker kâld bierke derby en duorret oant ….. !! Om seis oere op mega skerm kinne we ek sjen at Barcelona tsjin Atlético Madrid it selfde giet dwaan wat wij dien ha! Namelijk Kampioen wurde!!!!! En fanselfs he we dêrnei ûs eigen band die 10.000 nummers kin spielje!!! 
Groetnis “de Feestcommissie” fan it fiifde

Jûn EB
It fjild yn Wommels leit er bij op keatsnivo. Dat betsjut moai koart gers. De Efkes Balje stjerren kinne harren trijehoekjes kombineard  fanút harren technyske kwaliteiten mar sjen litte jûn om 19.30 oere.  Yn de tún fan Nij Stapert….

Diploma
Boudewijn Kramer en Tsjipke Okkema krije jûn harren diploma foar it beheljen fan TC 3. Wy sjogge út nei de foto’s.

Sneon finale SDS-mini-League
Oankommende sneon de grutte finale fan de Minileague.  
De 16 jongste pupillen van SDS  hawwe ôfgryslik har bêst dient en in protte wille belibbe oan dizze kompetysje. 
Kom sneon dan ek gerêst efkes sjin hoe dizze spilers it derfan ôf bringe. It begjint om 10.30 oere.
Nei 7 wedstriiden is der noch neat beslikke. Wiebren Tamminga en Tsjalling Bouma gean utmeitsjen wa’t de grutte wikselbeker mei nei hûs nimme kin.


Kampioen?
SDS F4 kin sneon as twadde SDS-team kampioen wurde yn de foarjierskompetysje. Sy spylje om 10.10 thús tsjin SC Bolsward F7. In lykspul is genôch om kampioen te wurden. Alle heiten, beppes, omkes, memmen, tantes, buorlju, pakes en eltsenien oars is wolkom!

Seleksjes
Letter hjoed binne de seleksjes fan SDS 3, 4, 5 en A2 hjir te sjen.

KNVB 35+toernoai
De KNVB organisearet in 35+ en in 45+fuotbaltoernoai 7tsjin7. In ploegje 35+ers sil foar SDS meidwaan. Sy meie jûn om 19.00 fuotbalje yn Ljouwert op de fjilden fan Leovardia. Der binne twa poules mei 4 ploegjes. De úteinlike winner mei meidwaan om it Noordelijk kampioenskip yn Assen op 23 maaie. De winner dêrfan mei 14 juny nei Zeist foar de landelijke finales.
Foar SDS fuotbalje Marco Hoekstra, Feite, Anne, Robert, Harm, Jan-Simon en Willem mei. Mooglik komt der noch in “joker” by.
Poule A:                              Poule B:
Foarút                           WWS 35+
Akkrum 2 35+                  SC Leovardia 1 35+
SC Leovardia 2 35+          FHC Stiens
SC Leovardia 3 35+          SDS


Harsens derby(1275)
Yn it ferline wie dé Hulk grien. Tsjintwurdich is hy brún en stjoert hy eltsenien it griene bosk yn: