Weppers freed 15-5

Himelfeartweppers
14 mei 2015
Ut- enferslaggen sneon 16-5
15 mei 2015

De SDS-keunstgerslotten dizze wike ynleverje!

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach foar snein 17 maaie 22.00 oere!

KF Easterein giet foar de haadpriis!
Ek KF Easterein giet foar de haadpriis yn de grutte SDS-keunstgerslotterij. Sy hawwe 5 lotten kocht. Dat is in boppeslach!

Seleksje SDS 4
SDS 4 spilet de lêste wedstriid yn Harns tsjin Zeerobben 4
Fuort: 13.10
Spylje: 14.30
Ype, Wichard, Harm, Klaas, Auke, Christiaan, Gert Jan, Robert, Rudy, Tjeerd, Jeroen en noch in pear dy’t fia snelrjocht kontrakteard wurde sille foar 1 wedstriid.
Grinsrjochter is fansels Daan Boersma


Seleksje SDS 5
SDS 5 spilet sneon in thúswedstriid tsjin Leeuwarder Zwaluwen 10.
It begjint om 14.45. De seleksje is sa as altyd rom op tiid oanwêzich.
Jorrit, Arjan, Andries, Eeltje, Rickie, Ruun, Jelte, Broer, Jort, Sytse, Doede S, Gay t

SDS VR2
Tsjin Zeerobben Vr2 giet it sneon net troch. SDS hat te min spylsters.

SDS MD1

In grut oantal fan dizze fammen sit yn SDS mD1, Sij soene sneon best wolr is kampioen wurde kinne. Moedigje harren om 11.25 oere want dan giet it los tsjin Dronrijp-Foarút MD1.

Efkes balje
De hesjes wer skjin, de bal wer fol lucht en de goeie hurdheid, it gers miskien net al te lang en in moai temperatuurke.
19.30 Efkes Balje yn Wommels

Nijsgjirrich potsje
Ywa eardere trainers fan SDS moatte sneon mei harren klup stride om in plakje yn de fjirde klasse. Marco Hoekstra wol mei syn Scharnegoutum graach nei de 4de klasse ta en Lykle Bleekveld wol besykje syn klup TOP’63 yn de 4de klasse te hâlden. De earste wedstriid wurdt spile yn Toppenhuzen.

SDS League
De nijste stân fan de SDS League hoopje wy hjoed publisere te kinnen hjir op de webside. Soe “Postmeister” noch boppe-oan stean?

Harsens derby (1500)
“Tikkie werom, Jaap!”