Ut- enferslaggen sneon 16-5

Weppers freed 15-5
14 mei 2015
SDS League: Spannend oan kop!
16 mei 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje
@ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!


It is hjoed foaral Zeerobben – SDS wat de klok slaat. Mar leafst 4 kear stiet dizze wedstryd op it programma. Alle keren yn Harns. De wedstryd fan Zeerobben VR.2 – SDS Vr.2 giet net troch.

       
08:30 SDS D2 AVC D1  1-10
09:55 SDS C1 ONS Boso Sneek C3  4-1
11:25 SDS MD1 Dronrijp/Foarut MD1  7-0
12:50 SDS VR1 Makkum VR1  8-0
14:45 SDS 5 Leeuw. Zwaluwen 10  0-1
09:00 SDS E2 SWZ Boso Sneek E2 1-3
10:10 SDS F1 Nijland F1 5-4
11:00 SDS E5 Makkum E3 1-3
12:10 SDS F3G LSC 1890 F7 8-1
09:00 Workum D1 SDS D1  3-0
09:00 Workum E1 SDS E1  7-3
09:00 IJVC F2 SDS F2  3-0
10:15 SWZ Sneek E7 SDS E4  13-3
10:30 Zeerobben B3 SDS B2  6-2
10:30 Zeerobben MD2 SDS MD2  
11:30 SC Bolsward C3 SDS C2  5-0
14:30 Zeerobben VR2 SDS VR2 g.n.t.
14:45 Zeerobben 4 SDS 4  2-3

MD 1 kampioen

Hjoed is MD1 thus kampioen wurden. Se spilen in topwedstryd tsjin SJO Dronryp/Foarut en wunen oertsjûchjend mei 7-0. Klasse famkes!!!!

SDS Vr 1 – Makkum Vr1     8-0
In  dikke oerwinning wêrfan wij it folgjende trochkigen hawwe.
1-0 Tjitske foarset, Makkum e.d.
2-0 Tjitske
3-0 Assist Jeska, in tikje fan Tjitske en in doelpunt fanAgnes
4-0 Kirsten
5-0 Tjitske
6-0 Sieta
7-0 e.d.
8-0 Sieta

Zeerobben 4 – SDS 4   2-3
Doelpunten fan Wichard, Jan Simon en Feite

Workum D1 – SDS D1:   3 – 0
Om it foar eltsenien dudlik te halden, meitsje wy oan it begjin fan de fuotbalkompetysje skema’s mei tiiden, flaggers en riders by utwedstriiden. Mar at de minsken dan net op dit skema sjogge, giet it net goed. It wie efkes skowen, mar gelokkich paste it hiele spul krekt yn ‘e auto fan Alie, Ferry en my. It waar wie net al te best, mar it fjild (kuenst) lei der geweldich by. Wy koene de earste 10 minuten Workum aardich byhalde. Mar geandewei wurde Workum hieltiid sterker. De thusploeg kaam dan ek nei 15 minuten fertsjinne op foarsprong. Workum fuotbalde folle makkeliker en hie hieltiid in mantsje oer op it middenfjild. Mei in soad beweging, snelhied en goeie fuotballers kriig Workum mear kansen. Mei rest stie it dan ek al  3 – 0 !!!! De twadde helte itselfde byld. Workum de fuotbaljende ploeg en wy koene eins allinich mar tsjinhalde. In pear kear kriigen we wat romte en dertroch kamen der in pear beste kansen foar us. Jammergenoch giene dizze ballen der net yn. It hie dus ek samar 3-2 stean kinnen. Mar in lykspul hie der nea ynsitten, dit hie ek net fertsjinne west. Mei dizze winst is Workum no de terjochte kampioen. Fierwei de beste ploeg yn dizze kompetysje.          Ik tink dat dizze jongens makkelik 1, mar miskien ek wol 2 klassen heger spylje kinne. Al mei al wie it wer in learsame kompetysje, mei leuke en sportieve wedstriiden tsjin Workum, Heeg, Easterlittens en Oudega/HJSC. Nye wike spylje we de leste wedstriid fan it seizoen thus tsjin Heeg.
Theo.

SDS E5 – Makkum E3 (1-3)
Hjoed tsjin Makkum E3. In zeer matig spieljend ploechje mei in hiele goede keeper. Hjoed 7 tsjin 7. Net myn meast favourite opstelling wertroch ik 3 wiksels (!) hie.
Fierstente folle ast sy allegjear trochwikselje wolst, wat seker moat mei dat kalde waar. Dus wie ik mear bezig mei wikseljen dan mei de wedstriid. Mar ondanks dat stiene de spilers fan E5 prima te fuotbaljen.
Mar oh, die ferrekte goeie keeper fan hun. Sy hie echt alles. Hoe faak as wy ek by de goal wiene, alles hie sy! Yn mien eagen dan ek de ienige spiler fan Makkum dy’t de oerwinning fertsjinne hat. Wer wy fuotbalje en de tsjinstander de goals meitsje. Dat wurket frustrerend. Mei 0-2 efterstân de rêst ien. Yn de rêst in pear oanwiizings joen dy’t yn de twadde helte goed opfolge waarden wertroch foaral it spul op it middenfjild better út de ferf kaam. Doe foel ek al frij gau in goal foar ús wertroch d’r wer kânsen foar in oerwinning ûntstiene. Mar dy twadde woe d’r mar net ien. Doe Makkum yn it ein fan de twadde helte nog hun tredde skoorde wie it wol dien. Helaas. Folgende wike de lêste wedstriid fan in moai seizoen.

Herman

SDS F3 – LSC F7   8-1
De 8ste oerwinning op rige en F3 is op wei nei it kampioenskip!

Efkes Balje
De bewenners fan de Keats, de Boppeslach en Partoer hiene freed op tiid harren bêst sittende stoel wer foar it rút pleatst om mar neat te missen fan it Efkes Baljen spektakel. Se seagen harren de eagen út, want it hold mar net op mei de oanrin fan jeugdich talint en fergriisde of minder behierde veteranen. Wat twa doelen al net dwaan kinne op in sportfjild!!
Foaral heiten kamen mei soannen en úteinlik  stokte de teller op 26. Hesjes tekoar en it oersicht kwyt. Mar der waard ôftrape yn in hystoarysk kertierke. Want 13 tsjin 13 op in 7 kear 7 fjild wie it dringen en sykjen om romte. Der wie gjin tiid om bal oan te nimmen, om te sjen en mei de bal te rinnen. Der foel ien doelpunt en dêrnei waarden de jonge hearen tige tank sein, koene sij op harren CV bijskriuwe dat se ek al op it Efkes Baljen akteard hawwe en mochten sij fierder op it neistlizzende fjild.
Acht tsjin acht en wat in striid. De hesjes rûnen wat út (5-2), mar doe’t de klok fan Wommels en Kûbaard beide healwei njoggen slein hiene wie it 5-6 foar de hesleazen.
De finale waard bloedstollend. De Partoer-, Keats- en Boppeslach sitters sieten op it puntsje fan de stoel te sjen nei de prachtige duels en hoe lestich it wie fan de fermuoide helden om de twa winnende te meitsjen.
De hesjes kamen op de 1-0 troch in slimmevoseftich doelpunt fan Wouter Hylkema. Fanôf de siidline seach hij wat romte en skoode de bal behearsd binnen.  En doe’t de klok 5 foar njoggen slaan soe, wie dêr de korner fan Pieter Veenje fan de hesleazen. Better kinne je se net nimme, mar it sosjale aspekt fan “sjit do mar” soarge der foar dat net ien rekke skeat.
En dat net allinne, de bal waard fuortwurke en kaam telâne mei Inne Heerma, hij koe flugger as Hendrikus syn hamstring en hij skoarde de 2-0 yn dizze prachtige finale.
De ruten gongen iepen bij de earder neamde apparteminten en in daverjend applaus waard út stoarten op de úthymjende fuotballers wêrtroch sommige betide sliepers fan Nijs Stapert mooglik raar wekker skrokken.
Hesjes: Wouter, Remco H, Harrie, Johan, Inne, Aant, Robin, Hans
Hesleazen:  Jildert, Ferrie, Hendrikus, Menno, Pieter, Remco B, Klaas, Chiel.

En sneontemoarn koe de balans opmakke wurde fan in Efkes Baljen wedstriid. De tean fan Remco mei de groetnis fan Menno.

Aant