Weppers freed 15-3

Seleksjes sneon 16-3
14 maart 2013
Ut- en ferslaggen 16 -3
15 maart 2013

Gjin Efkes Balje
Der binne in hiel soad ôfmeldingen foar jûn, tanksij Cambuur en de muzyk. Dêrbij binne de omstannichheden net ideaal wat miskien wol ta gefolch hat dat der mear thús bliuwe en it oantal dielnimmers frustrearjend leech is.
Dêrom wurdt it fjild jûn sparre, bliuwe de lampen út en is der gjin Efkes Baljen.
Oare wike wer mei nije moed allegear komme.

Efkes Balje
De Efkes Ballers moatte der rekken mei hâlde dat it Efkes Baljen wol/net trochgiet. De EfkesBal konsul sil moarn ris efkes heare of sjen at it festijn troch gean kin. It is bekend dat de EfkesBallers allegear graach los wolle mar it Efkes Bal komitee moat rekken hâlde mei in oantal aspekten: de hurde grûn, de wiete grûn, de wite grûn of de optaaigrûn.  Uterlik om 18.00 oere sil der wite reek te sjen wêze op de side.

Programma
It wurdt wer spannend sneon. Net de útslaggen mar at it wol of net trochgiet. Let dus foaral sneontemoarn op twitter of op de side. Wij hawwe yn alle gefallen de letters g.n.t. al wer klear lizzen. Hjir it
programma.
De KNVB smyt it der yn elts gefal net út(klik hjir).

SDS C1 nei SC Cambuur
Habtamu de Hoop hat 15 kaarten wûn foar SC Cambuur – Helmond Sport en nimt jûn de hiele seleksje fan SDS C1 mei. Wy sjogge no al út nei de foto’s.

Alde doaze
1993 dat moat in goed jier west ha. Want wij komme al wer in
kampioensfoto tsjin út dat jier.

Nei de Tsjerne!
Giet it fuotbal wol as net troch…. Sneon kinne wy yn elts gefal wol lekker Rocke yn de Tsjerne!!!
In mooie gelegenheid om ûnder it genot fan in fleske (rosé) bier, fris, as wyntsje te wurkjen oan de teambuilding mei it hier yn in flinke fetkuif!
Downbeat Maestros

Iepen dei

Wij krigen in skoft lyn in fersyk fan Antsje Stenekes om wat oandacht te jaan oan de iepen dei yn de soarch en dan spesifyk foar:
Open Dag
Arbeidscentrum Sneek
 Zaterdag 16 maart 2013
van 13.00 uur tot 16.00 uur 
Het Arbeidscentrum aan de Westereems 6 te Sneek zet zijn deuren open en laat u zien wat het te bieden heeft. Bij het Arbeidscentrum werken mensen met een verstandelijke beperking vol enthousiasme op de diverse afdelingen o.a. bakkerij, keuken/catering, montage en groenatelier.
Het team en medewerkers nodigt u van harte uit om u te laten informeren naar de mogelijkheden. 
Al onze eigengemaakte producten zijn te koop, zo ook op deze open dag!
 

Harsens derby(979)
As je it sa wolle dan slagget it je net:

Letter mear!