Weppers freed 15-3-2024

Programma freedtejûn
14 maart 2024
Sneon 16-3-2024
15 maart 2024

QVC 1 – SDS 1

De thúswedstriid tsjin QVC 1 freget om in sportive revâns.
1-0 foar en úteinlik mei in man mear yn it fjild mei 1-2 ferlieze.
Om 14.30 yn Starum te sjen.
De seleksje: Jaap, Mark, Erik, Gerbrand, Jelte-Pieter, Kevin, Lourens, Luuk, Matthijs, Niels H, Peter, Remco, Robin, Sietze, Stan, Wierd en Ate.

De LC

By de Ljouwerter Krante tinke sy dat SDS 1 moarn yn Starum de boat yngiet. Of sa’t Line Atsma seit; ‘it wurdt ‘Zwaantje de voorste’. Dan ferjit sy dat SDS 1 moarn ‘de Schaap met de 5 poten’ derby hat en dêrmei om kertier oer fjouweren de ‘Schaapjes op het droge’ hat.

25 jier werom

25 jier werom pakte SDS 1 ien puntsje yn Starum. Doe wie ien punstje te min. No eins ek. SDS 1 kin wol 3 punten brûke.

sc Joure 2 – SDS 2

Om 14.15 oere de middenmoter fan dizze klasse tsjin de nûmer lêst.
Skoareboerdsjornalistyk is de dea yn de pot, dus sette wij ús bitcoins op SDS 2.
De seleksje:
1 Ewout
2 Tom
3 Bauke
4 Eeltsje
5 Tim
6 Tjitse
7 Gerwin
8 Wessel W
9 Jelmer
10 Jurjen
11 Wessel S
12 Redmer
13 Niels J.
14 Jens
15 Jelte

SDS 3 – ONS 2

It wurdt tiid dat SDS 3 punten pakt tsjin middenmoters.
Sneon is der in kâns.
ONS 2 komt op besite en tsjin ONS hoege je wepmasters net te motivearjen.
De seleksje: Jildert, Jochum, Sije, Gjelt, Wout, Aiso, Arjan, Harm, Jorrit E, Kees, Leon, Michael, Rutger en WIltsje.

Makkum 4 – SDS 4 g.n.t.

Gjin idee wat wij fan SDS 4 ferwachtsje koenen nei de beskamjende nederlaach tsjin notabene Nijland 3.
Om 12.15 oere soe de wedstriid begjinne en wij gienen der fan út dat se ús fertrouen net wer beskamje soenen.
Mei 7 man sil dit allinnich net slagje….
12.15 oere balje bliuwt foar de pensionado’s in probleem.

Freedtejûns baljen

Jûn fanôf 19.00 oere, wurdt der 7 kear 7 kompetysjewedstriden spile yn Easterein. SDS 18+ 2 en 18+ 3 spylje yn de selde poule en treffe elkoar jûn gelyk al om 19.00 oere.

SDS-FIFA-toernoai

It SDS-FIFA-toernoai sit hjoed fol mei mar leafst 30 online-ballers. It begjint om 17.00 oere en it is de muoite wurdich om efkes om de hoeke te sjen. It is yn de kantine en wylst de jongelju online balje,  stride de 7×7-teams op it keunstgers tsjin elkoar. WD-Sat makket it FIFA-toernoai mei mooglik.

Harsens derby (2235)

Der binne bylden útlekt fan de training fan Ajax dizze wike foar de wedstryd tsjin Aston Villa……..