Weppers freed 14-3

Weppers tongersdei 13-3
13 maart 2008
Seleksjes 15 maart
14 maart 2008

Super!
Zaterdag 15 maart zal Stoffel Bouma om 09:00 de E2 even fluiten. Het is toch mooi om te zien dat we als vereniging voor elkaar in staan. Geweldig. Stoffel alvast bedankt, en een mooie en sportieve wedstrijd toegewenst.
gr Andre.

Seleksjes
Sneon giet it wer oan. Alle seniorealvetallen en jeugdploegen geane wer los. Suver foar it earst dit seizoen wiene der genôch minsken. Letter hjoed kinne jim lêze welke fjildspilers en welke doelman yn welk team sitte.

Traine
Sa as gewoan melde wij freeds altiten de opkomst bij it trainen fan SDS 4 en SDS 5. “Fier yn de dûbele sifers” soe Sipke wol sizze, want der wiene 14 man. Yn de bagger wie goed fuotbal net mooglik en wie der mar ien dy’t de winnende meitsje koe: Krekt PvP

Foaroerlis
Wylst trainer Marcel mei de lieders om tafel siet, hongen de seleksjespilers oan de bar. Sij besprutsen alfêst de taktyk foar sneon. Wat wij der fan begrepen hawwe is it feit dat se sneon geane foar de no-look bal.(Jan van Halst priizge Sibon snein hast de himmel yn nei syn stekbal sûnder te sjen(?) op Suljemani).
Under de no-look kinne je lykwols ek ferstean: de bal blyn nei foaren spylje. Wij binne benijd welke foarm it wurdt yn Hallum.

Wikels Hallum 1 – SDS 1
De statistiken fan beide klups kinne jim
hjir sjen.

SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Mail je tasnûmer nei
info@vv-sds.nl!

Bewiis(2)
Dennis liet ús witte dat it fuotbaljen yn Tailân eins nea ôflast wurdt. De bal stuitet al wat mear. Wy witte net wat better is.


Bewiis(3)
Soenen dizze mannen allegear sneller wêze as Dennis? Brúner binne sy yn elts gefal wol. 


Âlde-lulletoernoai
Kommende snein organisearet Daan Boersma it jierlikse “âlde-lulletoernoai” yn de sporthal fan Easterein. Fedetten út it ferline, lykas Hendrik Eringa, helje foar ien kear de sealfuotbalskuon út de kast. Elts jier binne je wer benijd as de sjurtsjes en broekjes noch passe.

Tiidrekke
By VV Woudsend witte sy wol wat tiidrekken is. By in 10-1 foarsprong tsjin FOG docht de keeper de fangnetten omheech. De trainer fan FOG is it der net mei iens. 


Bliksem
It sil je mar gebeure……(klik
hjir).