Weppers tongersdei 13-3

SDS League: Sing Song Ling pakt wykpriis!
12 maart 2008
Weppers freed 14-3
13 maart 2008

Futsal
SDS 1 hat justerjûn mei 3-1 wûn fan Old Forward 1.
Yn de earste helte kaam SDS mei 1-0 efter. Old Forward probeare mei nammen mei kounters gefaarlik te wurden wêr ’t SDS hieltiten by in muorre oprûn. It wie in prachtskot fan Peter dy ’t de 1-1 oplevere. Hy skeat fanôf de sydkant snoeihurd de bal efter in fertwifelend sjoggende keeper. De 2-1 wie in beauty fan Skelte. Mei de rêch nei de goal wipte hy mei syn “ski” de bal omheech, draaide him om en skeat op syn Bergkamps de bal efter de keeper.
Old Forward gie de twadde helte op syk nei de 2-2 wêrby in iepen wedstryd ûntstie. Beide keepers wienen hast net te ferslaan. It wie úteinlik Harm dy ’t yn de lêste minút de 3-1 makke mei in prachtich lobke.
Mei dizze winst is SDS mei noch 3 wedstriden te gean sa
goed as wis fan in langer ferbliuw yn de Haadklasse.

SDS siket jeugdtrainer
SDS is foar folgend seizoen op sy nei in jeugdtrainer foar de A’s en de B’s. Ynmiddels stiet der ek in advertinsje op Voetbalnoord.nl. Sjoch
hjir.

Bewiis(1)
Dennis Dijkstra hat hieltiten sein dat hy yn Tailân swier oan it trainen west hat. Wy fûnen it bewiis:


Útslach maskottekwis
De maskottekwis wie efterôf makliker dan wy tochten. Sjoch hjir foar de antwurden.

SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Mail je tasnûmer nei
info@vv-sds.nl!

Huh?
Wy mienden dat Lolke, Daan, Ype en Willem it ôfrûne wykein mei syn fjouweren nei Liverpool wienen. No ’t wy de herhaling fan de earste goal fan Liverpool sjogge liket it derop dat lytse Pieter ek mei wie……..
<