Weppers freed 14-2-2020

Weppers tongersdei 13-2-2020
13 februari 2020
Sneon 15-2-2020
15 februari 2020

SDS 1 thús

Foardat de foarjiersstop fan twa wiken begjint soe it moai wêze dat SDS 1 noch efkes 3 punten pakt tsjin Heeg 1. Ut slagge dat wol mei op it lêst fan de wedstriid mei in soad pine en muoite. Dizze seleksje sil it dwaan moatte:
1 Jaap©, 2 Luuk, 3 Erik, 4 Remco, 5 Jelte-Pieter, 6 Pieter, 7 Peter, 8 Wiebe, 9 Hendrik, 10 Matthijs, 11 Lourens, 12 Marco, 13 Anco, 14 Steven, 15 Habtamu en 16 Mark.

Heeg 1 út

Heeg komt moarn mei de folgende minsken nei Easterein:
Marten Wijnja, Ruerd Bouma, Eeuwe de Jong, Klaas Jan Ringnalda, Ruurd Ringnalda, Jan Haarsma, Christiaan Wijnja, Johannes Hoekstra, Jelmer Kiestra, Frank Hoekstra, Bert de Boer, Jorn Feenstra, Wâtte Broersma, Rein Ritzema, Fokke Walinga en Keimpe Brander.
Trainer: Arjen Hoekstra. Leider: Rients Hoekstra. Assistent scheids: Pieter Osinga. Verzorgster: Natascha Hoekstra.

Sponsoren

Wedstriidsponsoren bij SDS 1 – Heeg 1 binne Evert Tanja as túnoannimmer en paad om it fuotbalfjildlizzer  (moai datst der bist jong) en Rudy Rienstra as hynstefokker.

SDS Vr.1 wint by NOK

De froulju fan SDS vr.1 hawwe woansdeitejûn 3 punten ophelle út Aldemarrum. Hjir it wedstriidferslach fan Lysanne:
NOK – SDS 2-6
3 wiken werom wie foar ús de kompetysje alwer los. Wy ha toen de
ynhelwedstriid tsjin Hârns spile. Dizze ha wy mei 5-0 wûn! Tuskentroch ha wy
noch in oefenwedstriid hân tsjin dames 1 fan SWZ mar helaas wien ús
kompetysjewedstriiden yn dizze wiken ôflast.
Juster stoen de wedstriid tsjin NOK op it programma dy’t eigentlik ôfrûne
sneon pland wie. Thús ha wy al tsjin NOK spile. Dit ha wy toen wûn mei 11-4.
De wedstriid is los en der binne al snel kânsen foar ús. 1 hele goeie kâns
komt fan Femke dy’t de bal helaas oer sjit. Mar de 1-0 falt al snel. Yn de
8e minút wurd der skoard troch Jeska! Femke set de bal foar fanôf de
rjochter kant en Jeska sjit út de loft wei de bal it goal yn, prachtige
earste goal fan de wedstriid. Wy binne in soad op de helt fan NOK en in soad
by it goal. De bal gjit der noch net yn, of oer of nêst. Nei in heal oere
falt pas it 2e goal. Femke set de bal foar op Seriette en sy kin dizze moai
ôfronde. It 3e goal falt flak foar rust. Femke komt bij de linker kornerflag
wei draven, sy spilet de ferdedigers foarby en rond de bal self goed ôf! Mei
0-3 gean we de rust yn.
Nei rust krije wy in doelpunt tsjin, 1-3. Dit wurd wer goedmakke troch
Seriette dy’t wer in foarset fan Femke krijt. Mar ek snel dernei makket NOK
de 2-4. It gjit dernei wer de goeie kant op foar ús. Wy krije gjin tsjin
goals meer mar skoare self noch wol. Janieke makket de 2-5 út in korner. De
2-6 wurd makke troch Kirsten dy’t wer in super foarset krijt fan Femke.
It wie juster in leuke wedstriid om nei te sjen. Iederien wie posityf en
coachte olkoar goed!👍🏻 Ek wie NOK juster in goeie tsjinstanner en koen se
gefaarlik by it goal komme. Sy bleaun fechten en dertroch moesten wy ek
trochsette bliuwe.
Oankommende sneon binne wy wer frij mar 22 februari meie wy spylje foar de
beker! Wy moatte dan thús tsjin Vitesse’63 dames 2 út Koekange om 12.30 oere
op fjild 1. Tot dan! 🙋🏼‍♀️
Lysanne

Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhuhhuuuhhuuhhhhhh!

Frijwilliger fan it earste oere Sytze Kooistra is hjoed 80 jier wurden! Wy winskje him in hiele noflike dei ta!

Hennie Roubos ek by SWZ Sneek sneins

Us fersoarger Hennie Roubos is neist fersoarger op tiisdei, tongersdei en sneon by SDS ek fersoarger by Jubbega op snein. Folgend seizoen sil hy neist it striken by SDS ek strike by SWZ Sneek op snein.

SDS-League

Jim hawwe noch 1 dei om jim nije team foar de SDS-League yn te leverjen. Jim kinne der hjir alles oer lêze.

Leafde

Op dizze Falentijnsdei hawwe wy in moai stikje fan ús favorite stikjesskriuwer Sjoerd Mossou oer ‘leafde’:
Lês it hjir.

Harsens derby (2210)

Rekkenje der mar op dat Douwe Posthuma moarn by SDS 1 ek wer in pear ‘herdershûnen’ yn de efterhoede opsteld hat………..