Sneon 15-2-2020

Weppers freed 14-2-2020
14 februari 2020
SDS 1 – Heeg 1
17 februari 2020

Kassamefrou

Wij hien sneontemiddei in echte kassamefrou: Dianna de Jong (folop yn de wyn) koe pake Popko dy’t de lije kant op socht hie,  moai mei efkes helpe.

SDS 1 – Heeg 1

De wedstriid SDS 1 – Heeg duorre 68 minuten. Doe krige de skiedsrjochter fan tichtbij de bal tsjin de holle en

ek nei fersoarging fielde hij him net yn steat om fierder te fluitsjen.

Sa komt de tuskenstân fan 1-0 foarloapich yn de boeken. Doelpunt wie fan Wiebe Heeres, makke út in strafskop.  Heeg sil it ferfolch fan de wedstriid mei 10 man fierder moatte want ien spiler wie der yn de twadde helte útstjoerd.


It publyk gie teloarsteld, iets earder as oars nei hûs

De bûn sil it ferfoch fan de wedstriid fêststelle. 22 febrewaris wurdt neat, want dat moat Heeg foar de beker oantrede, 29 soe in opsje wêze, want dat hawwe beide ploegen gjin programma

Kolaatsje


De famylje Albada tocht freedtejûn wij kinne no better mar út iten gean mei Fokke (spiler fan Heeg 1  en freodinne fan dochter) no’t it sin fan Fokke noch goed is, sa sjogge wij op twitter

Fanút Heech wurdt fansels reagearre en sjogge se foaral wat hij foar him stean hat : Fokke, keurig aan een kolaatje #driepuntenmeenaarHeeg

Efkes Balje

Dútsers wolle reesmaniakken bliuwe en de 60 kilometer diken yn ús kontrijen waarden dizze wike omtoavere ta lesergunsônes mei as gefolch dat sommigen it ynkoarten mei de auto dêr wat rêstiger oan dogge mar it foaral rêstich oandwaan moatte mei it beskikber moanlikse budzjet dêr’t no in flinke hap útnommen is troch in hege boete.

Miskien dat ik de autorider dy’t 138 riidt op in 60 kilometer dyk ynkoarten ek op de fyts tsjin kom en mooglik dat hij dan ek erfaart dat 138 in belachlike snelheid is op in 60 kilometerdyk.
In frjemde ynlieding nei in ferslachje, dat moat ik wol tajaan. Hoewol, it gie juster foardat wij oan ús edysje Efkes Baljen begongen dêr wol efkes oer en waarden de hichtes fan de boetes útwikelse. Mei de wittenskip dat sommigen dus finansjeel in minne wike hiene moast fansels rekken holden wurde mei de yndieling.
Wij kamen ta twa moaie teams. In oantal fêste EB-ers wiene der net omdat se fan grutte hichte de berch delrûtse wolle en dus mei grutte snelheid oer de Dútske autodiken nei bercheftich gebiet fleachen. Wij wiene minder fluch yn it fjild  mar hellen seker wol  moaie hichtepunten.
Twa echte leafhawwers, Robin en Syb, melden har spontaan oan om ús totaal op 11 te bringen.
De bende fan 6 naam in moaie 3-0 foarsprong maar seach dat de kliek fan 5 der ferdiigjend in skepke boppe-op smiet en dêrtroch útrûn nei in 6-3 foarsprong. Neat mis mei sa’n taktyk sille se bij SDS 1 sizze at it de winst mar oplevert. Dat die it dus. De kliek fan 5 wûn de earste partij mei 8-6. De lytse finale mei twa doelpunten wie ien út it boekje. Kânsen foar de kliek mar de bende wûn mei 2-1 troch in doelpunt fan Syb, dy’t hast út syn dak gie nei 10 eardere pogingen wêrbij de bal meast op it dak fan de kantine einige.
It fantastyske doelpunt fan Syb wie gewoan in huldiging wurdich mar dat stelle wij leaver noch efkes út. Dat kin yn 2021 ek noch wol.
De bende fan 6: Jurjen, Syb, Harry, Sipke, Jelle en Pieter de B
De kliek fan 5: Kerst, Robin, Menno, Johan en Aant