Weppers tongersdei 13-2-2020

Mei SDS nei sc Heerenveen!
12 februari 2020
Weppers freed 14-2-2020
14 februari 2020

SDS Vr.1 wint!

SDS Vr.1 hat juster yn Aldemardum mei 6-2 wûn fan NOK. De doelpuntenmakkers wiene Seriette (2), Janieke, Kirsten, Jeska en Femke
De folgende wedstriid foar SDS Vr. 1 is de bekerwedstriid op sneon 22 febrewaris thús tsjin Vitesse ’63 Vr.2 út Koekange dy’t lykas SDS Vr.1 boppeoan stean yn de 4e-Klasse.

Koördinator ‘nije Nederlanners’

By SDS krije wy hieltiten mear fuotballers dy ’t hjir fan oarsprong net weikomme. Sy kinne de taal noch net goed, witte net fan de gebrûken, mar wolle wol graach fuotbalje. Om harren wat better by te stean hawwe wy in koördinator socht. Wy binne hiel bliid dat Sippie Sijbesma dit wol op har nimme wol. Sy sil it oansprekpunt wêze en de ‘nije Nederlanners’ begeliede wêr nedich.

Oefenje

SDS 1 is nei kommende sneon twa wykeinen frij. It doel is om op sneon 29 jannewaris te oefenjen tsjin Rijperkerk 1.

Kantine

De kantine is jûn iepen en Enne Jehannes Bruinsma hat kantinetsjinst. Wy sjogge no al út nei syn frikandellen.

De Treffer en De Mik

Wy binne drok dwaande alle Treffers te archiveren en te digitaliseren dy ’t wy noch misse. Under ‘Klupynfo’- ‘De Treffer‘ kinne je al in hiel soad âlde Treffers fine. Wy hawwe no wer in hiele bult Treffers boppe wetter krigen mar no moatte sy noch scand wurde om se op de webside te krijen. Dit is in hiele put en wy binne dan ek tige bliid dat wy De Mik yn Wommels ree fûn hawwe om dit foar ús te dwaan. Wy sjogge no al út nei it rissultaat. Sjoch foar mear ynformaasje oer De Mik op www.centrumdemik.nl.

Afbeeldingsresultaat voor de mik wommels

Plattegrûn

Wy binne drok dwaande mei in plattegrûn foar op de boksen sadat û.o. de lieders fan de teams op sneon de bestjoerskeamer fine kin en de spilers de goeie boksen. It komt der ûngefear sa út te sjen:

Opkreaze

De boksen 2 en 3 wurde in soad brûkt en wienen dêrtroch ek wat skeind. Jeroen fan Brouwers Schilders hat se foar twa wiken werom ûnder hannen naam en se steane der no wer as in pronkje by. Tige by tige!

Balzuil

Bauke de Boer is dwaande om it foarelkoar te krijen dat SDS sneons ek sa ’n kreaze ‘balzuil’ (is dêr net in moai Frysk wurd foar?) krije kin foar de wedstriidbal en wedstriidstipers. Sa sil der der dan ûngefear útkomme te sjen:

Bauke kin gelokkich better skilderje as wy fotosjoppe……….

SDS-League

Jim hawwe noch 2 dagen om jim nije team foar de SDS-League yn te leverjen. Jim kinne der hjir alles oer lêze.

Harsens derby (2209)

Dizze man tocht der nei syn miste penalty goek mei de kop by te wêzen, mar hie úteinlik de harsens der net by…………..