Weppers freed 14-12

SDS League: Sytsinho pakt de wykpriis!
13 december 2012
Ut- en ferslaggen15-12
15 december 2012

Programma
It programma foar sneon sjocht der
sa út, al tinke wy net dat der in soad wedstriden trochgean sille.

SDS 2 de seal yn
No ’t SDS 2 moarn net hoecht te fuotbaljen moatte sy de seal mar wer yn. As SDS 3 ek net troch giet komme sy derby. Allegear efkes in eurie meinimme. It begjint moarntejûn om 19.00.
Wa ’t net komt moat Marco Hoekstra efkes maile.

Minnertsga 2 – SDS 2 (ôflast)
10.20: der wêze
12.00: fuotbalje
Kristian, Wytze, Dirk Yde, Jaap, Ayanle, Jelte P., Gerrit, Feite, Jan-Simon, Hendrik, Sytse K, Arjen, Anne, Jort, Robert, Willem.
Wat auto’s meinimme

SDS 3 – Joure 2
11.30: der wêze
12.30: fuotbalje
Tjeerd, Bauke, Syb, Remon, Ids, Geert, Hendrik, Jentsje, Sytse H., Pytrik, Stefan, Mark, Sjoerd R., Jan, Bote, Ralph

Beste jonges en famkes

Nije wike sette wij útein mei in kwiske foar jim. Yn 10 wiken lang sammelje jim 10 antwurden op fragen dy’t wij stelle oer filmkes, oer plaatsjes of oars wat. Wij binne fan doel alle tiisdeis de fraach hjir del te setten. Der binne fansels ek wat priiskes. Jim dogge dochs ek mei?

Sportskoalle
SDS 2 en 3 geane nei it wykein noch efkes troch mei trainen. tiisdeitejûn geane sy wer nei de sportskoalle ta. Sy geane dêr tiisdei om 20.30 spinnen en bodypainten of sa.

Redens
Juster by C2 wie der net folle animo om op it MFT te trainen. Der kamen mar 4 bikkels op sportskuon op ôf. De lju dy ’t der net wienen hienen miskien wol in goeie reden om net te kommen. De 4 dy ’t der al wienen hienen better goeie redens meinimme kinnen………..

Trainer Pieter de Boer sette de 4 sûnder reden(s) noch efkes op de foto……….

Alde doaze
Fiskje…fiskje…yn de doaze, dan ha wij seker wer byt. In moaie swartwyt foto dy’t mooglik ea yn in krante stien hat. De doelman is
Tsjipke Okkema.

Harsens derby(912)
Hó!