Weppers freed 14 – 10

Seleksjes sneon 15-10
14 oktober 2016
Sneon 15 oktober
15 oktober 2016

Frijwilligersjûn

Jûn is der in frijwilligersjûn fan de Skoalleseize. Dizze is foar alle frijwilligers fan de Skoalleseize en al dy lju dy ’t holpen hawwe mei it klear krijen fan it fernijde sportkompleks. It begjint om 20.30 oere. Links ûnder op dizze side kinne jim de útnoeging fine.

SDS VR1

De smoar yn. Dat sil de gemoedtastân wêze fan de froulju fan SDS. Harren wedstriid giet moarn net troch. QVC hat te min spylsters.

Wedstriidsponsers

Kommende sneon spilet SDS 1 wer thús. Bant, in polderklup, is de tsjinstanner. Wedstriidsponsers binne Partycentrum it Dielshús yn Wommels en Installatiebedrijf Lukkes yn Wommels en Arum.

Flagger socht

Bij SDS JO-19 is Klaas Overal al tig jierren de flagger. Mar Klaas wol de flagge wol oerdrage oan in oar. Wa’t nocht dat om dit foarlopich sa no en dan oer te nimmen, mei dat wol melde bij Johan Heerma, de lieder fan JO-19.

DJ Ms HK

Moarn nei de wedstryd SDS 1 – Bant 1 sil rûn in oer as 17.30 oere de DJ fan SDS Vr.1 efter de muzykknoppen stappe. Wy binne benijd as sy de kantine op de kop krije kin. Wy tinke fan wol!

Efkes Balje

Woansdei 14 froulju bij it Efkes Bolje, hoe soe dat jûn wêze bij de mânlju? Om 19.30 efter de sporthal op in kurkdroech, gersfjild.

Harsens derby (1773)

Ronaldinho mei wat ús oanbelanget fuotbalje oant syn 100e!