Weppers freed 13-9

Weppers tongersdei 12-9
11 september 2013
Seleksjes 14-9
12 september 2013

Efkes Balje
It is wol ljocht genôch om noch Efkes te Baljen yn Wommels, mar de doelen binne al yn Easterein. Dus jûn wer nei Easterein.  Om 19.30 foar de leafhawwer dy’t it sneons net oan tiid hat. Ek debutanten binne wolkom.

Programma
It programma fan sneontemiddei en jûn is
hjir te sjen.

SDS 3
SDS soe oars moarn fuotbalje tsjin Tsjom, De wedstriid is lykwols útsteld nei 19 oktober.

MC 1 en 2
Bij MC 1 en MC 2 hawwe se immen foar de omballingen. Dêr binne wij tige wiis mei, want feroaringen yn de teams krije wij gelyk troch. Wij tinke dat it net lang duorret of wij hawwe ek fan harren de nije 11 tal foto binne.

Kompleet byld
Wij hawwe noch altiten net it idee dat alle ynformaasje fan de team op de side stiet. Dat is spitich. Dus sjoch efkes op jim alvetalside en jou feroaringen troch op
dit adres

Mini league
Kommende sneon begjint ek de mini leaugue kompetysje sjogge wij op it programma stean. Wat dat krekt ynhâld kinne wij ek net sizze want dêr hawwe wij gjin ynformaasje oer krigen.

Strippers
It is de lêste tiid net hiel drok by de thúswedstriden fan SDS 1. Miskien moatte wy dit ris probearje.

Harsens derby(1113)
Spesjaal foar Ayanle trije kear efterelkoar: Toet,toet!
Letter miskien wol mear!