Weppers freed 12-4

SDS League: Ozzy pakt wykpriis!
11 april 2013
Seleksjes 12-4
11 april 2013

Net Efkes Balje
Selde tiid, selde fjild, selde plak, selde………n fuotbalje………. Efkes balje giet jûn net troch. It trainingsfjild is dweiltrochwiet en je sakje oan ’t de ankels yn it wetter. De Skoalleseize hat it fjild foar jûn ôfkeurd.

Programma
It programma foar sneon kinne jim hjir fine.

GWT
IJVC F3 – SDS F4 giet moarn fansels gewoan troch. Sy fuotbalje om 9.00 yn Drylts en heechstwierskynlik op keunstgers.

SDS 1 – BCV 1
Moarn fuotballet SDS 1 om 14.45 thús tsjin koprinner BCV 1. Lykas eardere edysjes is dhr. Kraak skiedsrjochter.

Tiisdei 16 april
SDS 1 en 2 moatte sneon fuotbalje en meie tiisdei alwer. SDS 1 moat dan om 19.00 tsjin CVVO 1 en SDS 2 tsjin Rood-Geel 2. Beide wedstriden binne thús. 

SDS 4
SDS spilet moarn net. Wij hawwe fernommen dat de wedstriid útsteld is nei tongersdeitejûn #twiitIgor

Seal
Wij hawwe begrepen dat it sealteam fan SDS mei 2-7 ferlern hat Bolswardia. Hoe komt it no mei de posysje fan de minst passearde doelman Heerma?

Poll
Op de webside fan de VVON stiet in poll. Wy kinne ús wol aardich fine yn de útslach:


Beste amateurtrainer fan it jier
Op 10 maaie fynt foar de 11e kear it “Nederlands Trainerscongres” plak. Hjir wurdt ek eltse kear de beste amateurtrainer fan it jier keazen. Foar Distrikt Noard binne der 3 kandidaten foar dizze priis. Marcel Groninger fan Be Quick 1887, Rini Jurna fan VV Peize en âld-SDS-trainer Dick Schuurman fan VV Heerenveen dy ’t al twa kear kampioen wurden is mei de Feansters.

Keeperclinic by Mulier

Op donderdag 2 mei (meivakantie) a.s. organiseert SV Mulier in samenwerking met Keepers-Academy Sierd van der Berg een keepersclinic  voor jeugdkeepers op het sportcomplex “it Fliet”te Witmarsum.Iedere keeper van 7 t/m 18 jaar (jongens & meisjes) kan meedoen aan deze clinic.  

Het middagprogramma van deze clinic vindt u in de bijlage. De kosten per deelnemer zijn 15 euro.
Aanmelden: voor 25 april
Opgave met vermelding van leeftijd kunt u mailen naar: albert-saskia@home.nl  Hierbij ook graag naam van deelnemer, naam van de vereniging en factuuradres vermelden.
Deze 2 clinics zijn gebonden aan een maximaal aantal deelnemers. Geef je dus snel op want 
VOL = VOL !!
Voor vragen over deze clinics kunt u bellen met Albert van der Meer, Tel : 06-28906586

Harsens derby(1002)
Sa ’n assist mei Ayanle ek wol lije: