SDS League: Ozzy pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 11-4
10 april 2013
Weppers freed 12-4
11 april 2013

Bauke Dijkstra hat net lang fan syn earste plakje genietsje kinnen. “Happy Feet” fan Emke en Habtamu de Hoop pakt no de kopposysje. Wy binne benijd hoe ’t it no mei Bauke syn “Veerkracht” komt.

It is dizze wike “Ozzy” fan Hendrik Eringa dy’t de wykpriis pakt. Wy witte ek al wêr ’t hy it prizenjild oan besteden giet(klik hjir).

Wy hawwe leaver in heale hin……….

Marco Hoekstra kloppet oan by de top 10 en klimt fan it 19e nei it 9e plak. “Sa ’n Marco” giet hielendal foar de titel yn de SDS League no ’t it der net mear op liket dat SDS 2 kampioen wurde sil. Hy lit sels al T-sjurts drukke mei de namme fan syn team derop:

Klik hjir om se te bestellen.

“Ken et za” fan Harm Bergsma docht it dizze wike noflik rêstich oan mei 20 punten en behâld sa de reade lantearn

Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 7.