Weppers freed 12-2

Seleksjes sneon 13-2
11 februari 2016
Utslaggen sneon 13-2
11 februari 2016

Efkes Balje
Jûn om 19.30 kinne se wer los, de Efkes Ballers.

Programma
It programma fan sneon sjocht er
sa út en as it waar sa wat bliuwt dan kin it samar wêze dat it allegear trochgiet. SDS 1 en A1 geane sawiesa troch, want sy spylje beide op keunstgers.

Âld-SDS’er
It kin moarn samar sa wêze dat der in âld-SDS’er by Workum 1 ûnder de latte stiet. Út betroubere bron hawwe wy fernaam dat de earste keeper fan Workum blesseard is wêrop sy Broer-Wiebe de Ringh frege hawwe om syn keeperswanten út de wylgen te heljen. Broer hat earder in seizoen by SDS keept en hat efkes trainer west fan SDS 2.

Blesseard
Ewout de Boer spilet al in skoftke net om ’t hy lêst fan de knibbel hat. No docht nei ûndersyk bliken dat syn knibbelbannen slim skanseare binne en dat hy him eins opereare litte moat. Ewout wit noch net wat hy sil, mar wol dat it fuotbaljen it kommende jier yn elts gefal neat wurdt en hat him foarearst mar ôfmelden as lid. Wy winskje him betterskip!

Kompetysje-yndielingen jeugd
Offisjeel hat de KNVB de nije kompetysje-yndielingen foar de jeugd noch net bekend makke, mar hjir en dêr binne der al wat op it ynternet te finen. Sa kamen wy de kompetysje-yndieling foar F4 al op de webside fan vv Woudsnd tsjin:
4e klasse 076
Woudsend F2
CVVO F5
SDS F4
Balk F3
LSC 1890 F8
Makkum F2


KeunstgerSDSlippers
Mocht der wat keunstgers oerbliuwe fan dat nij oan te lizzen keunstgersfjild yn Easterein dan kinne dêr altiten slippers fan makke wurde:


De nije SDS-League
Doch ek mei oan de nije SDS-League en lever je team yn foar sneon 20 febrewaris 19.00 oere! Klik hjir om der alles oer te lêzen en it ynskriuwformulier del te heljen. Der lizze ek eksemplaren yn de kantine.


Oefenje
SDS C3 sil moarn te oefenejen. Sy spylje om 9.00 oere yn Drylts op keunstgers tsjin IJVC C2.




Letter mear!