Weppers freed 12-10

Weppers tongersdei 11-10
10 oktober 2012
Seleksjes sneon 13-10
11 oktober 2012

Wiet…te wiet
De trainingsfjilden wiene sa moai opdroege dizze wike mar hawwe hjoed wer te folle wetter op de bealch krigen.. Der kin dus net Efkes Balle wurde op freedtejûn. Helaas, helaas.

Seleksjes
De seleksjes fan sneon kinne jim no hjir
 sjen.

Programma
It programma fan sneon dat is no
hjir al te sjen.

Efkes Balje
At it fjild it wat talit is der fansels jûn wol in Efkes Balje Festijn. Om 19.30 oere.

Fetmjitte
Justerjûn hat Dooitze wer oan it fetmjitten west bij de A-seleksje. Wij ferwachtsje de resultaten ynkoarten te krijen. Miskien kinne se noch meinommen wurde yn de Treffer.

Fan herte lokwinske!
Foeke Reitsma is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske! Wy tinke dat hy moarn op de brommer nei de Skoalleseize komt.

Boatreiske
It programma fan sneon jout oan dat C2 de punten fier wei helje moat. Sij meie nei Skylge en sille der fêst in moaie dei fan meitsje.

Taal
Sneon moat SDS oantrede tsjin Grijpskerk. Dat leit earne yn Grinslân en wij kinne ús foarstelle dat de Grijpskerkers it dreech fine om ús webside te lêzen. Wij moatte sizze dat wij like folle muoite hawwe mei harren. Sjoch
hjir

Lange nammen
Troch gearwurkingsferbannen fan fuotbalklups wurde de nammen fan de tsjinstanners hieltyd langer. Op dit stuit wurdt de kroan spand troch SJO Jeugd Voetbal Bolsward. Wij meitsje der tenei mar SJO JVB fan, want yn Boalsert hawwe se it ek allinne mar oer JVB.

OPROEP….
In verband met de verzekering van de KNVB (verplicht voor SDS) moeten ALLE leiders, trainers en vaste vlaggers zich eenmalig inschrijven via de website. (Oan/Ofmelde, Frijwilliger)
Vriendelijke groet,
namens SDS bestuur,
Tineke Vink

Jelle de Boer
Wij tinke dat Jelle de Boer moarn in frije sneon hat fan it fluitsjen, omdat de natoerorganisaasjes, wêr’t hij bij wurket, yn Gaasterlân de natoer ticht bij de minsken bringe wol. Sjoch
hjir.

Moai potsje
Wa’t sneontejûn noch in potsje fuotbal sjen wol kin telâne yn Snits. Om 18.00 oere spylje ONS en Harkemase Boys tsjin elkoar foar de kompetysje. Ien fan de boppesten tsjin ien fan de ûndersten. Wa’t Harkemase Boys nije wike wer sjen wol hoecht wer net fier te reizgjen. De Boys komme dan yn Snits om foar de beker tsjin WPB oan te treden. (dat bekerpotsje hie SDS ferline jier yn de Harkema)


Harsens derby(862) 
Lekker follyballe!