Weppers freed 11-9

SDS League- en oare weppers
10 september 2009
Seleksjes sneon 12-9
11 september 2009

SDS League
Sa ’t jim sjoen hawwe steane de nije dielnimmingsformulieren foar de SDS League op de webside. Jim teams moatte ynlevere wurde foar kommende sneon 12 septimber om 19.00. Jim hawwe dus noch 1 dei.
De earste 40 teams hawwe wy binnen.
Hoe earder wy de formulieren hawwe des te earder wy starte kinne mei de nije SDS League (y.p. kommend wykein).


Fluitsje?
Wa’t sneon net fuotbalje kin, soe best wol efkes fluitsje kinne. SDS 5 om 12.45 en SDS 6 om 16.15 sykje in skiedsrjochter. It sil doch net sa wêze dat it fuotbal net troch gean kin omdat der gjin fluiter is? Belje mei Eddy de Boer (SDS 5 ) of Steffen Bruinsma (SDS 6)

A1 giet net troch
Wij krije fan Durk troch dat A1 sneon net trochgiet.

Scheidsrechter gezocht voor morgen!
Helaas heeft SDS 6 op dit moment nog geen scheidsrechter kunnen vinden, voor de wedstrijd voor morgen. En als dit zo blijft zijn we genoodzaakt om morgen de wedstrijd af te lassen.
Hierbij een oproep voor de wedstrijd van morgen deze word gespeeld om 16.15.
Scheidsrecher ervaring is niet nodig. Ook de spelregels kennen is geen pré.
Vrijwilligers kunnen bellen naar:
Steffen Bruinsma 0650818807
of
Bram Strubbe 0681494997
Groeten SDS 6
SDS 6 geeft aan iedereen voetballes!!

SDS 1 mooglik letter
De wedstryd SDS 1 – Minnertsgea 1 begjint sneon mooglik wat letter. Der is sa’n drok programma op de Skoalleseize dat der gjin tiid is tusken de wedstriden. Om ’t in goeie opwaarmer op it haadfjild ûnmisber is foar it earste en de wedstryd foar SDS 1 pas om 14.30 dien is, sil de wedstryd fêst wat letter begjinne.

SDS seal 2
De sealfuotballers fan SDS 2 moasten woansdeitejûn tsjin Stobbegat. Dy klup dêr hjit FFS en sij balje yn it Fean. 1-4 wie de útslach.

Strafskoppen
De F-kes en de E-tsjes nimme nei de wedstryd altyd strafskoppen. Om der foar te soargjen dat it programma net útrint is it needsakelik dat de strafskoppen op it trainingsfjild nommen wurde. Lieders en skiedsrjochters wollen jim dat yn de gaten hâlde?

Foto’s
Wij soene it op priis stelle dat der moarn safolle mooglik alvetal foto’s of sântal foto’s makke wurde. Maile kin nei ús beide adressen.

Fol, fol,  fol
It wie justerjûn net in bysje fol op it lytse trainingsfjild. Mar leafst 24 senioren fan SDS 4, 5 en 6 diene ûnder leiding fan Klaas Okkema ferskillende oefenfoarmen.

Op it doel sjitte
Ien fan de oefeningen fan Klaas wie, dat elkenien fan sa’n 20 meter op it doel sjitte moast. Neist en oer betsjutte in lange sprint lûke foar de hiele groep. Tanksij meinamme Harm Auke leine sommigen op apegapen. Hij wist it doel net ien kear te finen.

“Ferjitst de pil net”
Fia Marktplaats ferkocht Jildou Jorritsma fan ‘e wike har tillefoan. Om ’t sy sels net thús wie moast heit Feike him mar oan de doar oan de keaper jaan. Jûns yn de kantine krige Feike in nuver SMS’ke; “Vergeet je je pil niet in te nemen”. Feike snapte der neat fan en SMS’te werom wat foar pil de man bedoelde. De keaper SMS’te dat hy op syn “nije” tillefoan jûns de hieltiten in berochtje krige: “De pil niet vergeten…………”

Dennis Bergkamp
Dennis Bergkamp mei dan miskien 40 wêze, hy kin noch altiten knap fuotbalje. Dizze goal makke hy fan ‘e wike by de Ajax-feteranen(“Lucky Ajax”):