Weppers freed 11-4

SDS League: "Swarte Beien" pakt wykpriis!
10 april 2014
Seleksjes sneon 12-4
10 april 2014

Seleksjes
De seleksjes fan SDS1, SDS 2,  SDS 4, SDS 5, A1, A2 en Vr1 binne fierderop te finen.

SDS 3
De wedstriid fan SDS 3 is útsteld oan moandeitejûn om 20.00 oere. Yn Wâldsein.

Simeone
Juster koene wij sjen dat fuotbal soms ek best wol moaier is as dat tikkietakkiegedoch. Thijs Solleveld skreau der in prachtige kollum oer. Sjoch
hjir

Drop

Soms hawwe je gelok. Drop ferkeapje bij ien fan de wepmasters, dan komme je fansels op de wepside.  Sjirk Vellinga en Femke Terpstra, twa topferkeapers neffens ús.

Efkes Balje
Hjoed gjin frjemde talen op de wepside, mar gewoan yn it Frysk oankundigje dat der jûn wer Efkes Balle wurdt kin. Om 19.30 oere klinke de wolkomswurden.

Dribbelmarathon
Mark Postma hat in prachtige nije wepside. Goeie en ynspirearjende teksten en in prachtich logo. Nijsgjirrich is ek in útdaging dy’t leit op de datum 10-10-2014. Want dan….. sjoch
hjir .

Rock the Boat
De heiten fan de SDS’ers Nykele, Benthe, Luka, Robin, Milan, Jorrit spylje sneon mei harren band Voskov’s Grodzemods yn Wjelsryp. Sy sille dêr mei NNB en Crude soargje foar wat rock. By Crude spylje de heiten fan de SDS’ers Michael, Luuk en Sije. In DJ sil soargje foar wat disko. Wy kinne no al hast net mear stil sitten bliuwe. De yntree is mar 5 euries, dus dêr kin it net om oer gean.


Harsens derby(1249)
Dizze fuotbalfrou kin aardich ynsmite: