Weppers freed 11-11-2022

SDS-League: ‘Happy Feet’ pakt alwer in wykpriis!
8 november 2022
Sneon 12-11-2022
11 november 2022

Alvetalfoto’s

Wij hawwe noch gjin alvetalfoto fan de ûndersteande 13 teams. Wat soe it moai wêze at wij dy snein (of moandei) wol hawwe.

SDS 2, SDS 3, SDS 4, SDS 5
JO19-1, JO17-2, JO15-1
JO12-1, JO11-1, JO10-2
JO9-1, JO9-2, JO8-2

SDS 1 – SVM 1

Sneon de ienige ploech út 3A bûten de grins. SVM komt út Marknesse en dat leit yn de polder. 9 punten hat dy ploech en SDS hat er 13.  Soe SDS 1 wer 15 fitte spilers fine kinne?
Fanôf 14.30 te sjen yn Easterein.
Seleksje: Jaap Toering, Douwe-Jan Vellinga, Erik Haitsma, Frank Bervoets, Gerbrand Kramer, Habtamu de Hoop, Jelte-Pieter Dijkstra, Kevin den Haan, Lourens van der Pol, Matthijs Postma, Pieter Sijtsma, Steven van der Pol, Wierd Hofstra, Tsjipke Okkema en Sietze Stoffelsma.
Hendrik Sweering flagget.

Sponsers fan de wike

Jelle de Jong en Luuk van Ruiten van Ruiten binne de wedstriidsponsers.  Fan Luuk fûnen wij noch in alvetal foto dy’t wij nije wike yn ús nije rubryk op twitter sette.
Fan Jelle koene wij neat fine……..

sc Joure 2 – SDS 2

De tsjinstanner fan sneon hat krekt as SDS 2 ien kear wûn, SDS hat in puntsje mear. It wurdt tiid foar in oerwinning. Om 12.45 op ‘e Jouwer te sjen.
De seleksje: Mark, Gerwin, Arjen, Bauke, Eeltsje, Jort, Jurjen, Lieuwe, Tom, Sietse, Tim en Wessel S.
Klaas de Haan flagget.

SDS 3 – sc Stiens 3

sc Stiens 3 is de koprinner. Sij hawwe noch net ferlern dizze kompetysje. SDS 3 stiet mei ûnderoan en wachtet noch op de earste oerwinning. Dizze sneon liket ús in perfekte dei. Om 14.30 oere.
De seleksje: Marten, Tjitse, Wessel W, Anne, Bote, Jacob-Klaas, Jelmer, Jesse, Sjoerd, Watze (?), Willem, Yward, Robin en Niels J.
Hendrik Engbrenghof flagget.

AVC 3 – SDS 4

AVC is wat efter rekke mei de wedstriden. Sij spilen noch mar 2 kear dit seizoen. Hoe komt it sneon tsjin SDS 4 dat moai meidocht yn dizze kompetysje wêr’t ek SDS 5 yn sit.
De seleksje: Jeffrey, Aiso, Ate(?), Doede-Rients(?), Gerben, Janpiet, Jasper, Jorrit E en Jorrit V, Leon, Michael, Remon en Wiltsje.
Arjan Hallema flagget.

SDS 5 – Makkum 4

Makkum 4 hat 5 punten, SDS 5 hat er 12. Hoe pakt SDS 5 de tried wer op nei it ferlies tsjin Nijland 3. Sij meie al om 12.15 oantrede.
De seleksje:

+ good old Frank Rijpma!

SDS WK-League

De earste formulieren foar de SDS WK-League rûgelje stadich oan binnen. Moarn lizze der ynfulformulieren yn de kantine. Je kinne it formulier fansels ek gewoan op de kompjoeter ynfulle. Sjoch hjir.

Fuotbalplaatsjes

Lju dy ’t harren SDS-fuotbalplaatsjesboek noch net fol hawwe kinne moarn yn de kantine terjochte om harren boek fol te krijen.

Harsens derby (2109)

By vv Sleat koenen se sneon de bal der net yn krije.