Weppers tongersdei 10-1

Weppers woansdei 9-1
9 januari 2013
Weppers freed 11-1
11 januari 2013

SDS 1(fjild) jûn yn aksje op it OFK
De fjildfuotballers fan SDS 1 spylje jûn harren foarrondes fan it OFK.
De seleksje bestiet út: Jaap Toering, Feiko Broersma, Jacob-Klaas Haitsma, Kristian Gaastra, Wytze Lanting, Skelte Anema en Erik Haitsma.
Coach is Marco Hoekstra.
Harren programma sjocht der sa út:

tijd thuis uit
19:44 v.v. S.D.S. veld z.v.v. Avanti
20:26 Zwaagwesteinde zaterdag v.v. S.D.S. veld
21:08 v.v. de Walde v.v. S.D.S. veld
21:50 v.v. S.D.S. veld v.v. V.I.O.D.
22:32 v.v. Balk zaal v.v. S.D.S. veld

OFK: SDS 1(seal) troch nei finaleronde!
De sealfuotballers fan SDS binne der juster yn slagge om de finalerondes fan it OFK te berikken.
SDS hie it justerjûn net maklik. Sy begienen goed tsjin Nicator en kamen al gau mei 2-0 foar. De 3-0 woe der allinnich net yn en nei de 2-1 krigen sy it noch hiel dreech, mar it bleaun 2-1. De wedstryd tsjin NOK levere gjin problemen op en waard mei 2-0 wûn. Doe ’t der ek fan Be Quick Dokkum mei 2-1 wûn waard(yn de lêste minút….) like de twadde ronde binnen hânberik.
Dat it noch sa dreech wurde soe lei net yn de planning. De derby tsjin de fjildfuotballers fan VV Oosterlittens waard mei muoite 1-1 en in lykspul yn de lêste wedstryd tsjin koprinner Read-Swart soe genôch wêze om de finaleronde te berikken. SDS kaam al mei 1-0 foar, mar de Knypsters fuotbalden knap en wylst der foar harren neat mear op it spul stie waard it dochs 2-1 foar Read-Swart. Lokkich genôch hienen de SDS’ers goed rekkene en wie in lyts ferlies genôch om as 2e yn de poule nei de finaleronde te gean.
Read-Swart waard dus earste, SDS twadde en de Littensers op ien goal tredde.
De finaleronde is sneon. Moarn kinne jim hjir it programma sjen. Sjoch hjir foar it foarlopige programma wat SDS oanbelanget foar sneon.

By VV Osterlittens seagen wy û.o. âld-SDS’ers Tseard Halbersma en Theunis Regeling yn aksje.

SDS 1 der op út!
Kommend wykein sil SDS 1 mei een ploech fan 19 man der op út. De bestemming is dit jier Arnhem.
We sammelje sneon te middei om 14.00 bij de Skoalleseize. Dan gean we mei 5 auto’s richting Arnhem.
It programma op sneon sjocht der as folgt ut:
16.30 – 18.00 activiteit
18.00 ergens te iten
20.00 it centrum yn
We ferbliuwe yn in Stayokay akkomodaasje, der stjit sneins ek in ontbijt foar ús klear. It fjirdere programma op de snein wurdt sneon bekend makke.
Foar diegene dy’t nog wat euro’s lappe moatte graach kontant meinimme, dan kin we dat it wykein ek goed ôfhandelje. Fjirders is allinich een goed sin genôch om der in moai wykein fan te meitsjen!
Ut namme fan de organisaasje
Skelte, Dirk Yde en Feiko
Taheakke:
Nog een lytse tavoeging op boppesteand berjocht. De activiteit is klimme. Derfoar binne sportskoun, trainingsbroek en douchespul noadich om mei te nimmen. Foar diegene dy’t net meidogge is dit uteraard net fan tapassing.

SDS-sealtoernoai foar senioaren en A-junioaren
Op sneon 19 jannewaris fanôf 19.00 is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar A-junioaren, senioaren en sealfuotballers. Fansels mei der ek âld-SDS’ers meidwaan. Jim kinne jim hjir alfêst opjaan.

SDS-sealtoernoai foar B- en C-junioaren
Kommende sneon 12 jannewaris fan 9.00-12.00 is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar B- en C-junioaren.
Jim kinne jim
hjir opjaan oan ’t en mei freed 13.00.
Oan ’t no ta binne der sa ’n 25 oanmeldingen.


Alde doaze
De kompetysjestân fan 1987. Dat is 25 jier lyn. Sjoch nei de ploegen dy’t doe bij SDS 1 ynsieten. Sjoch
hjir

Frysk damje

Noch twa nachtsjes goed sliepe en dan wurdt der wer striden om it klupkampioenskip Frysk Damjen.  Dat wurdt holden bij Noflik yn Easterein en wij tippe Hartwert, mei u.o. Stoffel efter it boerd.
Reaksje fan de lieder fan SDS E2:
Ik sil myn best dwaan om dit oars te krijen en dat damklub De Stadige Strikers ut Skearnegoutum mei de grutste beker nei hûs giet
Jelle Wiersma

Harsens derby(930)
Ek yn blessuretiid; harsens derby!