Weppers freed 1-6

Weppers tongersdei 31-5
30 mei 2012
SDS 1 bliuwt yn de 2e-Klasse!
1 juni 2012

SDS 1 – Makkum 1
It is gjin strânwaar mar toch is it in moaie dei om nei Makkum te gean. Stiet de (holle) poarte nei de twadde klasse iepen foar Makkum of fine se yn harren striid om promoasje de ein tsjin de klup út Easterein? Jûn om 20.00 oere yn Makkum.

Allegear nei Makkum!
Fansels ferwachtsje wy dat de SDS-supporters jûn manmachtich nei Makkum komme. It makket neat út hoe ’t sy ferklaaid binne, wat sy sjonge en wat sy thús litte of wat sy al meinimme as sy mar fjouwerkant efter SDS stean.

Yn ’t swart-wyt soe dit Ate Vellinga ek wol stean.

Wonderdokter
Dooitze, de fersoarger siet der dizze wike figuerlik boppeop. Op de “de kreupelen en de lammen”fan SDS 1. It hat fertuten dien. Justermiddei koene se al wer rinne en justerjûn sels al wer traine.
“De seleksje is der hielendal klear foar”, sa lit lieder Marco Hoekstra ús witte.

Sara
Enne Jehannes is benijd hoe’t Eddy de Boer fannacht sliept hat. Foar it earst neist in Sara.
Fan herte lokwinske fan him en fansels ek fan ús.

SDS Da 1- CVVO Da1
it wie een skitterende wedstriid om nei te sjen ,en foaral spannend.
prachtig waar en een handsje fol supporters die de froulje oanmoedigden .
we kamen al gauw efter mei 1-0 troch de spits fan de lemmer die fisyk sterk en bal technysk wie.
mar we lieten de moed net hingje en al gauw een frije traap foar ûs die nommen waard troch jildou die de bal skitterend in de goal pleatste 1-1 de kânsen wer gelyk.
wij wer op e nij in e oanfal nei skitterende foarset fan jildou makke manon er 2-1 fan doe en wie it hinne en wer foutbal mei een protte kânsen foar de lemmer die er net in woenen en toch makken se de twa gelyk .
dus wer foar beide partijen alle kânsen om der in de leste minuten de winnende te meitsjen en die foel foar ûs makke troch manon die de bal ik tink fan ôf de sechtjinde meter op e slof kriig en der in skeat
einstân 3-2 in it foardiel fan sds. dizze einstân hawwe we mei inset fan tarina delsetten die een skitterende wedstriid stie te keepen.
Lâns dizze wei wol ik eltsenien betankje foar hun inset .spilers skiedsrjochters en flaggers
it wie de leste wedstriid fan dit jier 
groetnis pieter lieder da 1

Net Efkes Balje
Net efkes en ek net hiel lang: der is jûn gjin Efkes Balje yn ferbân mei in wedstriid yn Makkum.

SDS EK-League
De earste 23 oanmeldingen foar de EK pool fan SDS binne binnen, mar dat is noch neat. Us rie is lûk efkes in kertierke út om him yn te fullen. Jim kinne hjir sjen wêr’t jim dat dwaan kinne en hoe.

It tredde giet der sneon op út!!
We gean mei de ûndersteande mannen te bowlen, iten, bier drinken.
16:00 oere fuort by de skoalleseize. We ryde yn auto’s nei de Stolp, dy litte we der stean en helje we sneins wer op. Fan de nammen mei in krúske der efter wurdt ferwachte dat se ryde.
Mochten je écht net mei kinne mei dit feestje lit it dan sa gau mooglik witte oan:
Jan Stenekes till:06 28068051 janstenekes@hotmail.com
Sjoerd van Beem
Remco Bervoets
Geert DijkstraAuto
Hendrik Engbrenghof
Jentje Jorritsma
Pieter KamstraAuto
Stefan van Krimpen
Sjoerd RispensAuto
Thor Ejnar Ruiter
Jan StenekesAuto
Bote Strikwerda
Ralph Wariman

Willem Wynia
Hendrik de JongAuto
Eddy Visser
Sytse Hibma
Ronny Wagenaar
Pytrik Hiemstra
Programma:
16:30 – 18:30 Bowle en oanslutend Ite yn de stolp. Dernei mar even yn Snits sjen as der nog in leuk kroegje is.
De kosten foar dit sil rûn de 10 euro wêze, dit is exlusief iten, bier, taxi en alle oare gekke dingen dy’t jim self betinke.
Mar in goeie dikke beurs mei dus.
Tút fan de leiders!

Harsens derby (774)
Feyenoord klaut jin noch wol gauris efter de earen as sy der oan tinke dat dizze spits(Fred) ea by Feyenoord siet en sy it net yn him sitten seagen.