SDS 1 bliuwt yn de 2e-Klasse!

Weppers freed 1-6
31 mei 2012
Weppers sneon 2-6
2 juni 2012

SDS 1 hat fannejûn op ‘e nij mei 3-1 wûn fan Makkum en bliuwt dêrmei yn de 2e-Klasse.

SDS hie nei de 3-1 winst thús tsjin Makkum ferwachte dat Makkum hjoed fol op de oanfal gean soe. Hjir slagge Makkum allinnich net rjocht yn en it wie SDS dy ’t nei in minút as 20 skore koe út in knappe kopbal fan Feiko.
Krekt foar de rêst hong de 1-1 yn de loft, mar Jaap pakte 2 ballen knap en SDS gie mei in 1-0 foarsprong rêsten.
Nei de té koe Makkum gjin fûst mear meitsje. It hichtepunt fan de wedstryd kaam nei in oere spyljen. Feite mocht fanôf in meter as 20 oanlizze foar in frije traap en fansels wist hy der wol ried mei. Hy skeat de bal loeihurd yn de krúsing en de wedstryd wie spile.
Úteinlik foel der noch in reade kaart en krekt foar tiid in goal foar Makkum en Jelmer pikte noch efkes in goaltsje mei. Al mei al in terjochte 3-1 oerwinning foar SDS.

De kantine is jûn iepen, dus wa ’t der noch ien op drinke wol is wolkom!




Moarn mear!