Weppers tongersdei 31-5

Weppers woansdei 30-5
30 mei 2012
Weppers freed 1-6
31 mei 2012

Makkum 1 – SDS 1
18:30: der wêze
20:00: fuotbalje
Jaap, Arjan, Feite, Feiko, Erik, Harm, Tjipke, Jildert, Dirk-Yde, Jacob, Jelmer, Kristiaan, Dirk en Skelte.
Klaas Pompstra sil flagje.

Net Efkes Balje
No’t SDS 1 op freedtejûn tsjin Makkum ballet, giet it Efkes Baljen net troch. De fraach is ek at it dy wike dêrop wol wat wurdt, want dan sitte de Wommelser feesten yn it paad.

SDS 3 derop út!
De mannen fan SDS 3 sille der sneon efkes op út. Wa dat allegear binne is noch net hielendal wis. Hoe of wat is ek noch wat ûndúdlik, mar it liket derop dat sy om in oer as 4 ûngefear fuort sille as alles meisit. Wy kinne der in kertier neist sitte.


Midsimmercup
Sneon 9 juny is wer de Midsimmercup yn Dronryp. Foar it earst docht der net in team fan SDS mei. SDS wie al útnoege, mar troch omstannichheden slagge it net om mei in representatyf team te kommen.
De lotting hat ynmiddels west en it liket ús tige de muoite wurdich om efkes yn Dronryp te sjen nije wike.

Wol in WK
It WK(Wommelser Kampioenskip) giet wer los. Kommende moandei steane de matadoren fanôf in oer as 19.30 wer op it skopfjild fan Wommels om in baltsje te traapjen. Snein mear hjiroer.

Harsens derby (773)
Dizze fuotballer sjocht te faak op de SDS-side en hat noch in gelok dat syn fuotten net yn de tizen reitsje: