Weppers 27-12-2017

SDS-FIFA-18-toernoai op 3 jannewaris
27 december 2017
SDS-nijjierssit op sneon 6 jannewaris
28 december 2017

SC Stiens JO17-1 – SDS JO17-1 1 – 0

Dit wie us letste wedstriid foar it winterskoft tsjin de koprinner SC Stiens. Ut it ferline witte wy dat sy altyd hiele goeie jeugd ha. Ek sa mei dizze lichting, want fanof de oftraap wie in fuortendaliks dudlik wat Stiens woe. We wurde direct fol under druk setten, ek omdat it by us foaryn net goed stiet. Hieltiid skowt der in ferdiediger fan Stiens troch it middenfjild op. En sa krije se der in oertal situaasje, dit wie foar us middenfjilders net te berinnen. Yn dizze fase is it te danken oan Mark dat it 0-0 bliuwt. Hy stiet, lykas eltse wike, wer in beste partij te keepen. Langsamerhan krije we wat mear grip op Stiens en we krije ek in pear beste kansen. Sa hiene we ek samar foar stean kinnen, al hie dit wol in bytsje tsjin de ferhalding yn west. Mar geandewei de wedstriiid krye we hieltiid mear fetrouwen en wurde we ek wat brutaler. Der untstiet in interessante wedstriid die einliks alle kanten ut kin. Dochs krije we in goal tsjin, al hie Stiens der wol de help fan us foar nedich. In lyts foutsje by us efterien wurde genadeloos ofstraft. Sjoen de ferhalding wie dit miskien wol in terjochte utslach, mar we komme wol hieltiid tichterby. Undanks it ferlies ha we hjir wer in hiel goed gefoel oan oer halden. In prima 4e plakje betekent dat we nei it winterskoft by de beste 1e klassers yn de kompetysje komme. De foarlopiche yndieling ha ik al sjoen en der sitte hiele moaie en sterke ploegen by. Om mei te kommen yn dit geweld sille wy fol oan de bak moatte, miskien moatte we sels noch wol wat fersterking ha.

Theo

MO13-1 yn e seal yn sportstad Hearrenfean

MO13-1 spyle sneon 23 desimber twa wedstriiden yn e seal yn Hearrefean (sportstad). Mei 10 spylsters wie dit in genot om nei te sjen. Under de prima lieding fan Geert Diever en Peter vd Weerdt setten de froulju in prima prestaasje del. Allebeide wedstriiden wurden wun, de 1e mei 2 – 0 en de twadde mei 5-1. Wat kin fuotbal dan einliks leuke weze.

Theo.

Krystsealtoernoai Frjentsjer

SDS is op it Krysttoernoai yn Frjentsjer oant de 16e finales kommen. Jaap, Feite, Jacob-Klaas, Erik, Tsjipke, Johannes en Willem ferlearen yn de 16e finales fan Van der Ploeg Schilderwerken mei 2-1. Yn de poule wienen sy krekt fierder kommen mei in 4e plakje. Bote Strikwerda waard mei Futsal Scharringa úteinlik kreas 5e. It toernoai waard wûn troch Dr. Oetker.

Foto fan Bote Strikwerda

Harsens derby (1967)

In krystkadootsje………..