Wepperkes -woansdei-

The Battle is begûn!
10 januari 2006
SDS-jierdeis
11 januari 2006

Alles oer de Midwintercup
Op de webside fan Drs.Vijfje(klik
hjir) kinne jim no alles fine oer de Midwintercup. Sa moat SDS 2 syn earste wedstryd om 9.45 oere tsjin Workum 1 op fjild 1. SDS 1 spilet om 12.15 oere syn earste wedstryd op fjild 4 tsjin Cambuur ’69 1. Op de webside van Drs. Vijfje is ek in prikboerd(klik hjir) wêr ’t jim reaksjes op kwyt kinne. Wy moatte sizze dat it der kreas útsjocht.

Battle of the Sexes
Snein is it al safier; The Battle of the Sexes. De striid tusken de manlju fan SDS 1 en de froulju fan COVOS 1.

Wy binne benijd wat jim der fan tinke. Wa sjogge jim as favoriet? En wat fine jim in goeie tsjinprestaasje foar de manlju as foar de froulju?  

Stjoer jim ideeën nei info@vv-sds.nl , en wa wit wurd jim tsjinprestaasje ek echt útfiert. Wy hawwe noch wat ideën noadich.
Klik hjir foar de oankondiging foar snein.
Letter hjoed kinne jim hjir de reaksje fan SDS 1 ferwachtsje op it ferhaal fan de froulju fan COVOS 1 foar The Battle fan snein.

Traine
Ek SDS 4 en SDS 5 pakke de training dit jier wer gau op. Ommers op 28 jannewaris stiet de wichtige bekerwedstryd foar veteranen al wer op it programma. Kommende tongersdei kin der wer traind wurde ûnder lieding fan Sipke Hiemstra.

Nije leden
Yn de Treffer stie altiten noch oanjûn dat nije jeugdleden harren bij Koos of Roel melde moasten. Dat is no net mear sa. Eddy de Boer ferwurket alle oanmeldingen no.

Freonen fan SDS(foarhinne klup fan 50)
Nije leden foar (foarhinne de klup fan 50) de freonen fan SDS kinne harren oanmelde by Wichard Deinum. Foarhinne wie dit by Willem Twijnstra.

In feessie
Jimbar hâldt alle jierren in feessie. Meastal dogge se in kulterele tocht nei bygelyks in bierbrouwerij. Dit jier hawwe se keazen foar in alvestêdentocht mei de bus. Yn alle plakken sil gelegenheid wêze om efkes in produkt fan de ferline jier besochte bierbrouwerij te prebearjen.
De tocht wurdt holden op 20 jannewaris. Opjaan kin bij Anne Brouwer.

Noch in feessie
Op freed 27 jannewaris is der live muzyk yn Jimbar. Op dizze jûn sil muzikant
Tjeerd Abma optrede tidens in sportive-muzikale kwis: Dielnimmers oan de kwis binne Willem Wijnia, Freddie Scheltema en Lolke Hofstra.
It doel is der in geweldige, leuke, fleurige, sportive jûn fan te meitsjen. Elkenien is wolkom en de tagong is fergees. It begjint om 21.30 oere.

Noch mear feessies
Ek dizze wike binne der wer hiel wat feessies bij SDS. Geert kin mar
útsykje.

Keatsende fuotballers
De KNVB hat de partoeren foar it kommend jier bekind makke. Twa SDS-ers binne mei harren maten pleatst.
Jacob Klaas foar de haadklasse en Dirk Yde (mei Erik Haitsma) foar de earste klasse. Fan herte. 

Nije trekker
Hjir de beloofde foto’s fan de nije trekker fan de Skoalleseize. As der sneon in team fan SDS de Midwintercup pakt dan witte sy hoe ’t sy nei hûs ta geane.

Dat liket net sa gek.

Soe dizze gjin rare sporen meitsje?

As de kachel it no mar die.

De efterljochten dogge it yn elts gefal.

Letter mear!