Evenementen in november 2022

Wepperkes -tiisdei-
31 oktober 2005
SDS League: Ruurd Boorsma pakt de wykpriis!
2 november 2005

Futsal 3
De leafhawwers fan futsal en it journaal kinne jûn earst it journaal útsjen. De topper fan futsal 3 begjint pas om 20.30 oere.

Wa wurdt de fuotbalprofessor fan SDS?
Op 17 novimber, 1 desimber en 15 desimber binne der wer trije foarrondes.Op 17 novimber begjinne wij mei 3 debutanten:
Ype Tiemersma, Ruurd Boorsma en Gearard Posthumus.
Op 1 desimber giet it tusken trije kandidaten dy’t al ris earder mei dien hawwe: Jappie Wijnia, Willem Wijnia en Durk Okkema.
Op 15 desimber komt de lêste finalist út de folgende trije trainers: Klaas Okkema, Marco Hoekstra, en Marcel Frankena .
Lolke Hofstra hat him as fuotbalprofessor fan foarich jier automatysk pleatst foar de finale.
Fansels hoopje wij wer op in soad publyk, dus hâld dizze jûnen frij.

Join the winning team
SDS 3 helle sneon in knap rissultaat tsjin Berltsum 2. Sy wûnen thús mei 5-2. No binne wy fan Wichard went dat hy syn stikje altiten moai op ‘e tiid klear hat. Dat wie dit kear ek sa mar der gie snein wat mis mei it mailen yn huize Deinum. Úteindliks is it dochs noch goed kommen allinne wat letter as oars. Klik hjir om syn ferslach te lêzen. Jim kinne dêryn û.o. alles lêze oer it fuotbaljen fan Pommie(??).

Futsal
De sealfuotballers fan SDS meie dizze wike ek wer los. SDS 1 spilet jûn op Urk tsjin Urk 2 en SDS 2 moat jûn út nei Heerenveen 3. SDS 3 spilet jûn om 20.30 oere thús de derby tsjin Workum 7. De muoite wurdich dus om jûn efkes yn de sporthal te sjen.

Giel of read
Feike Jorritsma jout antwurd op de fraach hokker kleur kaart Sjoerd Postma jout. Hij tinkt fan read. Mar is dat ek sa? Maile kin nei
ús

 

16.254 besikers!!
Wy hawwe nea safolle besikers hân as yn de ôfrûne moanne. Der wienen 16.254 hits west op ús webside.
Dit wienen oan ’t no ta de besikersoantallen yn 2005 per moanne:

  januari 2005 13119
  februari 2005 10186
  maart 2005 12615
  april 2005 14385
  mei 2005 14491
  juni 2005 8845
  juli 2005 8946
  augustus 2005 10788
  september 2005 14514
  oktober 2005 16254

SDS League
De punten wurde wer optelt en ôflutsen en as it goed is kinne jim hjir fanmiddei de nije stân fan de SDS League besjen. Dit kear in nije koprinner en de winner fan de wykpriis is gjin famylje.

Letter mear!