SDS League: Ruurd Boorsma pakt de wykpriis!

Wepperkes -woansdei-
1 november 2005
Wepperkes -tongersdei-
2 november 2005

Ruurd Boorsma pakt dizze wike oertsjûgend de wykpriis mei mar leafst 45 punten. Hy bliuwt hjirmei de Strikkies(GS) 3 punten foar.

Harsens derby…..

Nieuw Noord Ole(JD) docht ek goeie saken. Sy pakke op ‘e nij de kopposysje en steane lyk 11 punten foar op nûmer 2 Op sich de beste ploech fan FB. Eastender Nightmares fan STW sakket fan 1 nei 3.

FC Pieckenhagen(RS) docht it net al te best mear. Sy begienen lyk as harren favoryt sa knap oan de kompetysje. No is de rek der aardich út en sjogge wy de earste blunders. FC Pieckenhagen moat it no dwaan mei in 62e plakje.

Hy begie sa goed…….

Ûnderyn hat FC Schettens(SF) de smaak te pakken. As favoryt nr. 1 foar it lêste plak stijge sy no eltse wike. Sy geane no fan 64 nei 61 en hawwe al 19 punten mear as de nûmer lêst Easpânne fan MB.

Groeten, Willem.

Besjoch hjir de nije stân:
wike 7