Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
30 oktober 2005
Wepperkes -woansdei-
1 november 2005

SDS 1 ûnderút
SDS 1 gie sneon mei 0-5 ûnderút by ASV Dronten. Op de webside fan Dronten stiet in moai ferslach mei foto’s. Klik hjir en sjoch by 29 oktober.

In Drontenaar hâldt Henk Postma yn ‘e houdgreep. 

SDS A1 wint derby
SDS A1 wûn sneon mei in kuorkebalútslach fan JV Bolsward(6-4). Dochs mankeart der noch wat oan it spul fan A1. Lês it yn it ferslach fan Marco Hoekstra(klik hjir).

SDS 2 pakt wichtige punten
SDS 2 wûn sneon fan CVVO. Dit wienen 3 wichtige punten. Hoe dit sa barre koe stiet yn it ferslach fan Stefan van Krimpen(klik hjir).

SDS 2 sneon om 14.30 oere?
Sneon is der sa ’t it no stiet gjin wedstriid om 14.30 oere yn Easterein. Der wurdt no probeare om de wedstriid tusken SDS 2 en Urk 3 te fersetten fan 12.15 nei 14.30 oere.

Fluch doelpunt
De ferhalen oer flugge doelpunten  binne altiten nijsgjirrich. Bij SDS E 1 tsjin Frjentsjer E 1 wie it wol hiel bysûnder. SDS skoart yn ûngefear 8 sekonden. En dat wylst de tsjinstanner de ôftraap hie!!!!

Gerrit is jierdei!!
Good old Gerrit Terpstra is hjoed 36 jier wurden!! Fan herte lokwinske!! Jim kinne him lokwinskje troch hjir te klikken of efkes lâns de Jumbo te riden om him in hân te jaan of …………….36x te toeterjen.


Doe noch mar 14 en no alwer 36 jier!

Hast 10 jier lyn

Yn maaie 1996 waard dizze ploech kampioen. Bekinde koppen allegear. Wa levert wat kommintaar mei dizze foto ? Bygelyks: wat wie de rol fan de haadsponsor, hoe waarden se kampioen, sieten se doe ek nei? Maile kin nei it
bekinde adres.

De grutte bernefreon
Op sneontemoarn is it oan te rieden om ris efkes by de jongste pupillen te sjen. Je kinne de bern wol meinimme want dêr wurdt foar soarge. Willem Twynstra fermakket de bern mei balspultsjes. Ôfrûne sneon woe Tom dit ek wolris meimeitsje. Wy tinke net dat der nochris syn eigen bal meinimt om mei omke Willem te fuotbaljen…………….