Wepperkes -woansdei-

Fryske dei wepperkes
11 oktober 2005
Wa makket foar SDS 1 de 1e goal yn de 1e-Klasse?
13 oktober 2005

Futsal
Woansdeitejûn hawwe de mannen fan SDS 1 futsalle  yn de seal. It wie binnen tsjien minuten 0-3 troch 2 x Talan(âld-Nederlâns âlvetal) en 1 x Ten Voorde(âld-SC Heerenveen).
Nei it skoft kaam SDS los. It waard 3-3 troch doelpunten fan Anne, Robert en Feite.
Yn de lêste 10 minuten gie de pot ferlern . Talan(âld-Nederlâns âlvetal), Ten Voorde(âld-SC Heerenveen) en Zijda(Waterpoort Boys) skoorden.
3-6, dat wiene aardich mear doelpunten as bij Ned-Mac.

SDS-League
Dizze wike wurdt it jild foar de SDS-League fan de rekkens ôfskraeun. It prizenjild fan de earst 3 wiken wurdt ek útkeard.

SDS 1 – BCV 1
It liket miskien sa dat er allinne mar in Fryske dei is fanwege it Frysk. Neat is minder wier. Der wurdt sneon fuotballe troch SDS 1 en BCV 1. Alfêst in oersjoch fan wat de beide klups tsjin elkoar presteard hawwe en wat er yn de 1ste klasse oan no ta behelle is. Sjoch
hjir
(bron www.voetbalnoord.nl)

Fan de Skoalleseize
Graach wolle wy as bestjoer fan stifting de Skoalleseize in berop dwaan op frijwilligers dy’t ús sneontemoarn 15-10 om 8.00 oere helpe wolle. Sa moat der û.o. noch wat sân ferkroade wurde, bultsjes slochtsje, tegeltsjes yn de
renofjearre klaaiboksen sementfrij maitsje, trie ûnder de nije ballefangers, ensafuorthinne. Om 10.00 oere drinke we dan mei de frywilligers fan SDS in frysk bakje koffie. Graach oant sneon.

Froulju
Wie vragen heeft over de regels van het voetbalspel, kan die het beste stellen aan een vrouw. Uit een Brits onderzoek blijkt dat vrouwen meer kennis hebben over het spel en mannen achter zich laten als het gaat om speluitleg. Zo bleek 59 procent van de vrouwen haarfijn te kunnen uitleggen wat de buitenspelregel inhoudt, terwijl maar 55 procent van de mannen kon uitleggen dat de voorste aanvaller zich niet voorbij de achterste verdediger mag bevinden als de bal wordt gespeeld.
(Bron:www.nu.nl)