WK weppers 20-6-2026
20 juni 2026Foar wa ’t de SDS WK-League-ynlis noch net betelle hat mei dat graach sa gau as mooglijk dwaan.
Kinne je it betelfersyk net yn je normale mail fine dan leit it heechstwierskynlijk yn de SPAM-box.
Der hawwe oant hjoed 44 lju betelle.
Wij fregen ús dit wykein ôf at hoe lang Auke Eringa syn kopposyje hanthavenje kin.
Op in antwurd hoege wij net lang te wachtsjen.
Marco Rijpkema en ek FC Weghorst (Jappie Wijnia) profiteare fan in dipdei fan Auke.
Let ek op Haitsma sûnder kwast, dy dendert de top 10 binnen. Dy mei kwast stiet op 60.
Ek Roomblanke -Drogba docht in flinke Stap nei de top ta.
Dat is it moaie fan ús oersichtjes per 10.
Ek dêr is in koprinner en dy buldert him ynkoarten nei de top 10 ta.
En wat te sizzen van PetronellaTols dy noch ien goeie dei ha moat om mei Jelte-Pieter yn de top 10 te stean
Yn de ûndersteande 10 sjogge wij ‘Oranje boppe’ fan Hendrik Sweering mar leafst37 plakken omheech gean.
Syn soan Tim is op gjin linkerbackposysje en ranglist werom te finen …..
Dit listje is sa wie sa in list fan stigers. allinne Legendbrend en Habtamu falle wat út de toan
Fan 31 oant 40 mei de beide dielnimmers mei van der Werf yn de namme.
Fansels stiet Sir(31) efkes heger as dy mei dy lange namme op 35
Yn it folgjende rychje falt de striid fan de de Boeren op. Sij besette 43 en 44.
Ozzy (49) like yn it begjin mear dea as libbend, mar sa as bekend komt hij altyd werom.
Op 51 in de Boer dy’t net meikomme kin.
De folgjende 10 moatte harren soargen meitsje om net op nû 71 te einigjen.
Kees Sandstra (64) sjocht moarn alle moarns earst op syn tillefoan at er net útnoege wurdt foar in petear mei syn bazen.
Hoe lang kinne hij syn ûntslach útstelle?
Tofting fan Bote Strikwerda dendert nei ûnderen….
De Poedelpriispakker sil noch altyd net tefreden wêze, dy wol graach út de list mar
Beem United (Yvonne) en…….. bliuwe hieltyd fan plakje wikseljen.
Nû 71 ………..?????









