Kompetysje-yndielings senioaren.

Wepperkes -woansdei-
27 juli 2005
Wepperkes -freed-
28 juli 2005

It hat wat fuoten yn de ierde hân mar de KNVB hat it foarmekoar krigen om alle 5 senioare-teams fan SDS yn te dielen. Dy fan SDS 1 koenen jim al earder besjen.
Om ’t it noch al wat wurk is komme moarn de yndielingen foar de jeugd derop. Jimme kinne se wol alfêst besjen by betreffende teams ûnder “Junioren“.

Hjirûnder de yndielings foar SDS 2, 3, 4 en 5.

*SDS 2 spilet ek dit jier wer yn de Reserve 1e Klasse. Neidat û.o. Zeerobben en Leeuwarder Zwaluwen degradeare binne bliuwe der net folle Fryske ploegen oer. SDS 1 hat mar ien Fryske ploeg(BCV) yn de kompetysje. SDS 2 docht it mei 2, nl. CVVO 2(krekt promoveare) en Heerenveense Boys 2. Yn de oare 1e-Klasse wie it wat leuker west. Hjir spylje 8 Fryske ploegen yn(û.o. Blauw-Wit 2, Harkemase Boys 2, Broekster Boys 2 e.v.a.).
Dit is de yndieling foar SDS 2:
ACV 3
CVVO 2
HZVV 2
Heerenveense Boys 2
LTC
Noordscheschut 2
Olympia’28 2
SC Genemuiden 3
SDS 2
The Knickerbockers 3
Urk 3
d’ Olde Veste’54 2

*SDS 3 is ôfrûne seizoen promoveare nei de Reserve 3e-Klasse. Sy moate ien kear wat fierder fuort(Meppel 4) en foar de rest leit alles aardich yn ‘e buert. SDS 3 hat inkelde leuke tsjinstanners yn de kompetysje sa as Makkum 2(siet 2 jier werom noch by SDS 2 yn), AVC 2, Oeverzwaluwen 2 en SC Berlikum 2.
Dit is de yndieling foar SDS 3:
AVC 2
Blauw Wit ’34 3
FC Meppel 4
Leeuwarder Zwaluwen 4
Makkum 2
Oeverzwaluwen 2
Oostergo 2
Rijperkerk 2
SC Berlikum 2
SC Franeker 2
SC Joure 3
SDS 3

* SDS 4 komt ek dit seizoen wer út yn de Reserve-5e Klasse. Sy krije wer inkelde aardige derby’s sa as tsjin Arum 2, Stormvogels 1 en Makkum 3.
Dit is de yndieling foar SDS 4:

Arum 2
Hielpen 2
Leeuw. Zwaluwen 9
Lions’66 2
Makkum 3
Nicator 1
Oeverzwaluwen 3
Rood Geel 3
SDS 4
SSS’68 2
Stormvogels’64 1

* SDS 5 komt dit jier ek wer út yn de Reserve-6e Klasse. SDS 5 is dan wol it team wat it leegst fuotballet mar sy binne heechstwierskynlik wol it ienige senioare-team fan SDS wat ien kear útkomme mei op keumstgers(út by Zeerobben). Foar de rest kin SDS 5 geregeld op de fyts nei útwedstriden. B.f. nei Bolswardia, RES, Arum, Mulier en Tzum.
Dit is de yndieling foar SDS 5:
Arum 3
Bolswardia 4
Leeuw. Zwaluwen 11
Mulier 3
Oeverzwaluwen 4
RES 1
SC Franeker 5
SDS 5
SSS’68 3
Tzum 2
WWS 3
Zeerobben 4

De spylskema’s kinne jimme fine ûnder “Senioren” by de betreffende teams.