Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
14 juni 2005
Wepperkes -tongersdei-
16 juni 2005

Dirk Yde Sjaalda
Wa hie nochris tocht dat de sjaal fan SDS yn de Skotse heechlannen sjoen wurde soe. Nimmen dochs. Dochs barde it de ôfrûne tiid. Dirk Yde pontifikaal foar de bergen. It iene wat mist is in rok.


Ferslach
Yn Skotlân kin je te kust en te keur wat fuotbal oangiet. Je hawwe dêr sels de gelegenheid om Moldavie te sjen. Dirk Yde liet dy kans net oan him foarby gean. Hjir it 
ferslach. Op de side fan it Dophok kinne jim de foto’s besjen(klik hjir).

Nei SDS 1?
SDS 1 hat foar kommend seizoen ôfskied nommen fan Wichard Deinum en Kees Adema. De fraach is as der ek fersterkingen bykommen binne foar kommend seizoen. Yn it roddelcircuit hawwe wy opfongen dat der in spiler fan Avanti(Stiens seal) nei SDS komt. Om wa as it giet is net bekend. Wy binne benijd.

Soe der op dizze foto stean?

Feest
Wêr ’t it dizze winter ek wol ris botste, steane no de botsauto’s: it sportfjild fan Wommels wurdt oantúgd ta kermisterrein. Tongersdei, freed en sneon feest.

Nij rekord!
Enne Bruinsma hâldt meastentiids foar ús by as wy wer ris in nij besikersrekord hân hawwe op ús webside. Foarige wike koe hy melde dat wy in nij moannerekord hienen. Yn maaie 2005 binne der 14.491 besikers west op ús webside. It foarige rekord stie op 14.385 beiskers(april 2005). Hjirûnder kinne jimme sjen hoefolle besikers wy per moanne hienen de lêste 2 jier.

Pageviews per maand
  maart 2003 1084
  april 2003 1226
  mei 2003 1498
  juni 2003 1006
  juli 2003 611
  augustus 2003 1255
  september 2003 1968
  oktober 2003 2405
  november 2003 2689
  december 2003 2946
  januari 2004 4274
  februari 2004 4701
  maart 2004 6480
  april 2004 7512
  mei 2004 6859
  juni 2004 4427
  juli 2004 4645
  augustus 2004 6080
  september 2004 7979
  oktober 2004 10443
  november 2004 10185
  december 2004 10793
  januari 2005 13119
  februari 2005 10186
  maart 2005 12615
  april 2005 14385
  mei 2005 14491
P.s. Enne bedankt!

Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl.