Dirk de Jong is slagge!!!
Dirk de Jong is hjoed slagge foar it CIOS!! Fan herte lokwinske!! Nei in soad tsjinslagen mei syn knibbel de lêste jierren is dit in moaie opstekker. Fansels wie it ûnderwerp fan syn einskripsje dan ek “de knibbel”. Mei it eingesprek hie hy Paul de Boer(B1) mei dy ’t ek lêst fan ‘e knibbel hat. Dirk hopet no ynlotten te wurden yn Grins foar de opleiding tot fysiotherapeut.
Klik hjir om Dirk lok te winskjen!!
Âld-SDS’er trout!
Dit wykein is âld-SDS’er Sido Bakker yn it houliksbootsje stapt. Dizze âld-Wommelser wennet al inkelde jierren yn Amerika en is dêr no ek trout mei in Amerikaanse. Ôfrûne sneon joech Sido syn ja-wurd oan Rochelle. Fan herte lokwinske!
Wa ’t harren in kaartsje stjoere wol kin dat dwaan nei:
Sido en Rochelle Bakker
13477 40th AVE
Marne MI
49435 USA
Hjir Sido Bakker sa ’n 10 jier lyn yn it shirt fan SDS.
Midsimmercup 2005
Wy hawwe noch net in offisjeel ferslach fan it optreden fan SDS op de Midsimmercup. Wol is hjir it ferslach fan it Frysk Deiblêd oer de Midsimmercup(klik hjir).
Ronny nei Drachtster Boys!
Ronny Wagenaar(de iene helte fan de Waku’s) fan SDS 3 giet kommend seizoen by Drachtster Boys fuotbaljen. Hy lit ús witte dat hy it hin en wer riden tusken syn wenplak Drachten en Easterein dochs wat te dreech wurden fynt. Wy winskje him it allerbeste!
Webmaster op Arrow Classic Rock?
Dit wykein waard it Arrow Classic Rock Festival yn Lichtenvoorde hâlden. Dit is in festival fan âlde rockers foar âlde rockers. Yn fan ús betroubaarste bronnen wist ien fan ús webmasters dêr te spotten.
Dy pet makket him hast ûnherkenber…….
Futsal: SDS 3
Ek de yndieling foar kommend seizoen foar de futsallers fan SDS 3 is bekend:
Bolswardia 2 |
Haskerland 7 |
Haskerland 8 |
Langweer 1 |
LSC 1890 3 |
RES 4 |
RES 5 |
SDS 3 |
Workum 6 |
Workum 7 |
WZS 6 |
WZS 7 |