Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
14 juni 2005
Wepperkes -freed-
17 juni 2005

Nij lid!
Ype Bakker is 7 jier en wennet yn de Súdhoeke yn Wommels. Hy komt kommend seizoen de F-kes fersterken. Ype wolkom!.

Pelote
Hjir in tip fan ús ferslachjouwer út Spannum. Hy kin noch wol wat supporters brûke.

Maandag 20 juni in Easterlittens:
FRYSK KAMPIOENSKIP JEU DE PELOTE.
1ste ronde 18.30 uur
Easterein  –  Spannum

Links
SDS 1 komt kommend seizoen út yn de 1e Klasse E. SDS spilet dan tsjin, foar de measten minsken (útsein BCV), allegear ûnbekinde tsjinstanners. Op de webside fan Voetbalnoord kinne je alfêst de links nei de websides fan de oare 1e-Klassers fine(klik hjir). Klik op de húskes om de tsjinstanners wat better kinnen te leren.

Bril omheech!
Om de w.c.’s yn de nije kantine in bytsje netsjes te hâlden wurde de mannen frege al de bril omheech te dwaan foardat sy pisje.

Dat kin in moai soadsje wurde……..

Ûnferstelber ûnfoarspelber.
Wy hawwe it allegear wol meimakke. Je steane krekt foar it ein fan de wedstriid mei 1-0 foar en sjogge je mei de 3 punten nei hûs ta gean en dan makket de tsjinstanner noch 2 goals. It beste foarbield hjirfan is fansels de Champion-League finale fan inkelde jieren lyn tusken Manchester United en Real Madrid. It docht bliken dat soks by it hurdfytsen ek wolris bard……………(klik
hjir).

Nijs?
Hawwe jimme noch nijs, mail it dan efkes nei
info@vv-sds.nl.