Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
30 april 2007
SDS Froulju wûn fan Tzum!
3 mei 2007

SDS Froulju winne
De SDS-froulju hawwe justerjûn mei 1-0 wûn fan Tzum 1! In knappe prestaasje fan de froulju. Dit wie harren earste oerwinning. Moarn kinne jim hjir de foto’s besjen. 

SDS 1 derop út
Freed sille de fuotballers fan SDS 1 derop út. Sy wurde om 17.00 ferwachte foar by de Jimbar op de fyts. Sy sille dan nei Slachtehiem te fiskjen. Wa der meigiet moat efkes maile nei Anne Brouwer sadat hy wit hoefolle minsken der meigean en angels regelje kin(klik hjir foar syn mailadres). De spilers moatte freed ek efkes de gele sjurts en de swarte jaskes ynleverje.

SDS 5 wint
SDS 5 hat justerjûn mei 6-2 wûn fan AVC. Bote makke lykas Gerlof 3 doelpunten.

Aant online
Aant is foar de 2e dei oan ‘e gong om syn komputer it ynternet wer op te krijen. Wa kin him hjirby helpe? Hy hat in draadloos pakket fan @Home.(till. Aant:0515 332364)
@Home

Fokke en Sukke


Letter mear!