Evenementen in december 2022

Jan Peter Bootsma yn Rosmalen.
11 mei 2005
SDS League: SC Mukkes pakt de wykpriis!
11 mei 2005

SDS 4 wint al wer
5 doelpunten, wêrfan 4 troch ien spiler, in miste strafskop, dus in slachtoffer foar ús beruchte klassemint en 3 doelpunten tsjin. Dat wie it resultaat fan in reiske nei Hallum.
SDS 4 waard ûnder druk setten it earste kertier, mar Ype skoorde. SDS 4 waard wer ûmnder druk setten mar SDS 4 skoorde (Ype). It druk setten gie troch en by it skoft stie 0-3 troch noch in doelpunt fan Ype.
Ype der út en it waard 1-3 en 2-3. Gearard seach syn kân en skoarde 2-4. De Hallumers kamen noch ien kear werom op 3-4. Ype mocht er noch in kear yn en skoorde syn 4de doelpunt. 

Sukses
Wy winskje ONT 2 kommende sneon in protte sukses ta mei de beslissende wedstryd foar it kampioenskip. Hopenlik kinne sy sa sterk mooglik útkomme.

Sukses (2)
Wy winskje ek Waterpoort Boys sneon in protte sukses ta. Se fertsjinje in oerwinning of gelykspul want at je 5 punten pakke fan de koprinner dat moatte je der yn bliuwe kinne.

Kees Jansen is binnen
De klup fan Kees Jansen CSL hat him juster ek feilich spile yn klasse 3B. Ek foar debutant CSL dus in goed jier. Kees besiket it takem jier yn de twadde (of miskien wol earste klasse) by Blauw Wit

Gearard net mear ûnbedrige op kop
It like sa moai faor Gearard Posthumus. Mei 18 doelpunten like hy ûnbedrige. Dochs tocht Ype Tiemersma dêr oars oer. Hy skoorde 4 kear en stiet no op 17 doelpunten. De komplete list stiet by senioren

Klaas Clarence Molenmaker
Hy woe sa graach in strafskop nimme. Al jierren besiket hy de bal op te eaksjen at er in strafskop nommen wurde mei. Mar altiten is hy te let by de bal, omdat hy hielendal fan efteren komme moat.
Tsjin Wikels Hallum joech de ploech Klaas de bal om de strafskop te nimmen dy’t hy sa graach nimme woe. Lykwols, de druk wie te heech en it doel te leech, want Klaas miste. Ek hy komt yn it klassemint om de Clarence Sluier trofee.

Jenever walk alone!
Sa as jimme miskien wol witte is trainer Johnny Nota wat nuver by Jirnsum weigien. Op de webside www.terp31.tk stiet in moai ôfskieds fignet foar Johnny(klik hjir).
Je never walk alone!

Is net mear…..
Dit droevige mailtsje krigen wy hjoed fan de (âld)webmaster fan QVC.
Hallo SDS,
Na de dramatische nederlaag van afgelopen zaterdag, zal Q.V.C. nooit meer zijn wat het is. Danig teleurgesteld in de club heb ik dan ook besloten het bijltje er bij neer te leggen. De website van Q.V.C. is dood. Met dank aan SDS. Namen ze in Stavoren maar eens een voorbeeld aan SDS. Mooie site, altijd actueel. Ik heb er geen zin meer in, of dat nou komt door de nederlaag of niet. Jullie site zal ik blijven volgen. Veel succes volgend jaar in de 1e klasse.
King Kong
Ex-webmaster Q.V.C.