SDS League: SC Mukkes pakt de wykpriis!

Wepperkes -woansdei-
11 mei 2005
ONT-SDS-nijs
12 mei 2005

It is dizze wike SC Mukkes fan HJJ dy ’t de wykpriis pakt. Hy wennet ynmiddels al lang net mear yn Wommels en sjocht al tiden net mear om nei syn team. Dochs pakt hy de wykpriis en kin hy it jild fêst wol brûke foar syn nije húske yn Lollum en syn frou mei de lytse poppe.

Skrok 11(JdB) stiet net mear allinne boppe-oan. Hy hat selskip krigen fan Iced Earth United fan RJ út Dordrecht.

D.Y.S. seit dat der alles oan ‘e kant set foar de Jong-Nederlân fan sneon. Wy hawwe it derop dat hy dochs mear rekkent op in priiske yn ‘e League. Mei syn team GOD(Dennis B) stiet hy no 3e mei 4 punten efterstân op de koprinners.

It is tige spannend yn de League. Tusken de nûmers 1 en 10 sitte mar 12 punten.

“Losers fan ‘e wike” wienen dizze wike de Fytsemakkers fan MW. Begryplik fansels want hy hie him fansels hielendal jûn tidens de Greidhoeke kuiertocht.

Flyer fan TdB bliuwt lêst.

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 11.