Wepperkes -woansdei-

SDS League: Skrok 11 nimt de kopposysje oer.
27 april 2005
Wepperkes -tongersdei-
28 april 2005

Wichard Deinum sjocht SDS kampioen wurden en WPB degradearen
Wy binne bliid mei de earste reaksje fan in SDS 1 spiler. Hy doart lûdop te sizzen dat hy tinkt dat SDS kampioen wurdt. It kin fansels ek de hoppe wêze. Opfallend is dat hy op dit momint as ienige oanjout dat WPB degradeart. Of hat dat ek mei hoop te meitsjen?
Mail jim foarsizzen nei info@vv-sds.nl.
Sjoch hjir foar it totale oersicht oan no ta.

Ype Tiemersma rêdt ear foar SDS 4
Tiisdeitejûn fuotballe SDS 4 tsjin de koprinner Blauw Wit 7. De wedstryd waard spile yn Ljouwert en einige yn in 5-1 ferlies. “Frommel doelpunten fan dy lju en wy misten te folle kansen ” neffens doelpuntenmakker Ype.


Út de beker
Foarige wike waard de bekerwedstriid tusken De Weide 2 en Urk 2 staakt nei 90 minuten. De skeids wist net mear as hy no ferlenge as lyk penaltys nimme litte moast. Om ’t hy tidens de wedstriid ek al wat lijerij hân hie en de wedstriid wat útrûn wie, waard it al wat donker. Hy fluite ôf en sei dat de KNVB mar útmeitsje moast wat sy mei de wedstriid oan woenen. Dat betekene dat De Weide(Hoogeveen) en Urk juster op neutraal terrein(Zwartsluis) elk 5 penaltys nimme mochten. Neffens ús hat Urk wûn.
(Klik hjir foar de misser fan De Weide)

D2
De pupillen fan D2 hawwe tiisdeitejûn fuotballe tsjin de Wâlde. Helaas waard it in grutte nederlaach. 1-11. It moiaste doelpunt wie lykwols fan SDS. Hast fanôf de middenline waard de keeper fan de Walde ferrast, omdat hy wat te fier foar it doel stie.

Skoalfuotbal
Hjoed woansdei is it skoalfuotbaltoernooi fan Littenseradiel(moai waar?).  Sa’n 200 jeugdfuotballers sille stride om de titel fan Littenseradiel. Meastal giet it om de fraach: wint Wommels of Easterein.

Foarsizze
Jim kinne noch altiten mei stride om de titel “earste klas kenner fan de twadde klasse K”. Oeral komme al gokjes wei en opfallend is dat de spilers fan SDS, QVC en Broekster Boys harren net doarre út te sprekken oer de kansen. Of dochs wol, binne se miskien noch oan it rekkenjen. Mail jim foarsizzen nei info@vv-sds.nl.
Sjoch hjir foar it
totale oersicht oan no ta.

Ofsizze?
Sneon 23 april wie it frijgesellefeestje fan Johan Delfsma. Dat woene de Waku’s (ek bekind as Ronny en Jeroen Wagenaar) fansels ek meimeitsje, dus bellen sy ôf. De topper tsjin Warkum stie op it programma en dat levere wol wat problemen op want de Waku’s dy kinne je der wol by ha.
Der waard alles yn it wurk setten om de twilling dochs yn it fjild te krijen. Lieuwe Meijer bea in krat bier oan, Anco Elgersma wie ree om de mannen gelyk nei Berltsum te bringen en Wouter wist fan út in taktysk konsept de twa te oertsjûgen dat se net mist wurde koene.
De twa wiene oer de streep lutsen (dochs wol troch it kratsje bier) en sa diene se mei yn dizze wedstryd dy’t mei 6-1 wûn waard. Foar R. Waku krige de wedstryd noch in sturtsje of miskien kinne wy better sizze in skuorke. By in botsing rekke syn wynbrau iepen en moast hy nei Loor foar 9 hechtingen. Krekt op tiid kaam hy werom om de lêste 10 minuten fan de wedstryd noch mei te dwaan.
De seleksje fan SDS 3 hat grutte wurdearring foar de ynset fan dizze jonges foar de ploech op dizze dei.

Futsal
SDS 1 spilet dizze wike syn lêste 2 wedstriden fan de kompetysje. SDS 1 kin noch wol in pear puntsjes brûke. Jûn meie sy probearje om út by ONT/CHZ punten te pakken. Freed spylje sy thús tsjin FCL om 19.00 oere yn Easterein.

Letter mear