Wepperkes -woansdei-

SDS League: As in Speer(JdJ) pakt de wykpriis.
13 april 2005
Wepperkes -tongersdei –
13 april 2005

Durk wer ûnder it mes
Durk Okkema hat mar gjin gelok mei syn knibbel. Nei foarige wike wer foar in MRI-scan west te wêzen docht it bliken dat syn meniscus stikken is. Hy sil dus op ‘e nij ûnder it mes moatte. Wy winskje Durk der mar wer in hiel protte sterkte mei. Hjirnei sil de knibbel wer as nei wêze en kin Durk hooplik wer jierren fuotbalje.

Ûnder de brûs?
Sibe de Seefûgel hat wol in idee foar de spilers fan SDS 1 dy ’t net douche kinne nei it trainen yn Wommels. Dit mailtsje krigen wy fan him;

Hoi,
Helaas hawwe wy hjir op Skrok gjin brûzen. Wat wy eventueel wol hawwe binne reintûnen. It liket my goed dat it karakter fan dizze jonges nochris op de proef steld wurdt troch se nei de training efkes yn de tûne te dompeljen.
Twa grutte en ien lytse (foar Harm ) liket my wol foldwaande, want de kans dat se hiel lang yn it kâlde reinwetter steane, achtsje ik  net sa grut. Dus yn goed 5 minuten binne se allegear wer skjin en opfrist.
In oar idee is fansels dat se de tûne sels meinimme fan hûs. Sa te sjen kinne der twa yn ien auto.
 
Mei in hertlike groet fan Sibe de Seefûgel
 
P.s. In brûs beskikber stelle oan dy knapen dy’t fan it fjild in grutte drekboel meitsje. Nee dat moat mar net.
It liket my better dat er trije reintûnen komme.
Dan steane se neffens my ek net sa lang ûnder de brûs.

Futsal
SDS 1 spilet jûn thús om 20.00 oere tsjin Workum 2. SDS 2 spilet nei dizze wedstriid om 21.00 oere hun lêste wedstriid fan de kompetysje tsjin Urk 3. SDS 3 moat út nei Heerenveense Boys 2. Sy spylje om 20.40 oere.

SDS D1
Foardat jim nei it sealfuotbaljen gean kinne jim wol efkes by SDS D1 sjen. Sy spylje om 19.00 oere thús tsjin QVC.

Fan herte lokwinske!
Jehannes Dotinga fan SDS 5 wurdt hjoed 20 jier! Fan herte lokwinske!

Wyklikse oertinking(1)
Eltse wike krije wy fan Wichard Deinum syn syklikse oertinking. Sels no ’t hy it op it wurk smoardrok hat, hat der dochs tiid fûn om in stikje te skriuwen. Lês it hjir:
Na de geweldige overwinning op Zeerobben in Harlingen moet het vizier voor aanstaande zaterdag gericht worden op de wedstrijd van het jaar tegen mede titelkandidaat Broekster Boys uit Damwoude. Bij winst wordt het gat 4 punten en dan zijn we toch heel dicht bij een nieuwe sensatie dit seizoen. Bij verlies ligt alles echter weer open en kan onze tegenstander de bloemen ook weer water geven om ze aan het einde van het seizoen uit de vaas te halen. Zover mogen we het niet laten komen en wanneer we met dezelfde spelvreugde en enthousiastme als de laatste weken de wedstrijd in gaan,dan moet het mogelijk zijn om de drie punten mee naar Oosterend te nemen. Wees bewust van wat er van een ieder verwacht wordt,en geef 200 % inzet en strijdt. Nog vier finales en we kunnen geschiedenis schrijven,dat zou in het bijna 60 jarige bestaan van SDS wel een unicum zijn. Zaterdag om half drie gaat het gebeuren in Damwoude en ik verwacht een enorme supportersschare uit Oosterend om ons aan te moedigen. Voor de thuisblijvers,ik houdt u op de hoogte.
WD

Wyklikse oertinking(2)
Yn Snits hienen sy inkelde wiken lyn, nei de wedstriid fan SDS tsjin Waterpoort Boys, in dúdlike miening oer de wyklikse oertinking. Hjir it kommentaar yn it gastenboek fan WPB;
55. henk – 2005-03-27 10:09:38
hef ik lezen op de site van SDS (wie? SDS? hebben die ook een website dan? Ja blijkbaar) “Hoe kan SDS verliezen met 200% inzet?” ANTWOORD: oek al voetbalde jum met 400% inzet dan ware jum nog kansloos.

Geweldig toch.
(Bron:www.waterpoortboys.nl)

Út iten!
By in soad fuotballers sjit de tiid mei moeke de frou der by yn om ’t sy wol gauris fuort moatte te fuotbaljen. Je kinne dit goed meitsje troch ris mei de frou út iten te gean. Tink der wol om wêr as je sitten gean yn it restaurant(klik hjir).

Miskien letter mear!