Wepperkes -woansdei-

De Skoalleseize drok yn ’t spier.
6 april 2005
Wepperkes -tongersdei-
6 april 2005

Futsal
Jûn spylje sawol SDS 1 as 2 thús. SDS 1 spilet om 20.00 oere tsjin FFS(mei û.o. âld-SC Heerenveenspilers Jeffrey Talan en Erik ten Voorde). Hjirnei spilet SDS 2 om 21.00 oere tsjin Haskerland 1. SDS 3 spilet jûn út tsjin Haskerland 6. SDS 3 spilet dus foar de 3e wike efterelkoar tsjin Haskerland. Earst twa kear tsjin it 7e en no dus it 6e.

SDS 22?!
Foar sneon stie SDS 2 der mar moai foar yn ‘e kompetysje. Sy hienen 22 punten mei 22 doelpunten foar en 22 doelpunten tsjin. Trainer Klaas Okkema is der wiis mei dat dit nei sneon al wer oars wie mei 25 punten, 26 doelpunten foar en 23 tsjin.

Da’s Super!
Foarhinne ponghâlder fan SDS Popko Wijnia hie fan ‘e wike in rare strop. Doe ’t hy de Girofoon belle om te hearen hoefolle sinten as syn frou ferbrast hie, skrok hie nuver. Sy wie dit kear gjin €25,- kwyt by de benzinepomp mar wol €45,-. Dit is dochs al gau sa ’n gat fan €20,- yn ‘e begrutting(sa ’n 2 wykprizen yn ‘e SDS League). Doe ’t hy justerjûn fuortride woe, om by SDS-ONT te sjen, waard it him al gau dúdlik doe ’t de auto net starte woe en de frou út de hûs wei stoarme. De frou hie gjin Diesel tankt mar Super! No hat der noch in folle grutter gat yn syn begrutting.

De Treffer
Om ’t Chris Postma net hielendal fit is duorret de besoarging fan de Treffer yn Wommels en bûtenút efkes langer. Wy winskje Chris betterskip!

Idee!
Miskien is dit in idee om ris yn de rêst út te finen by in wedstriid fan SDS 1. Dan net mei in basket mar mei in goal fansels. Wy sykje noch persoanen dy ’t op ‘e penaltystip plak nimme wolle. Penaltynimmers sil der genôch wêze.(klik hjir)

Skotse Highlands!
Dirk-Yde hat fanút Skotlân wer wat foto’s mailt nei de webside fan it Dophok(www.dophok.tk). Sa te sjen binne der genôch froulju yn Skotlân dy ’t op syk binne nei in boer en sjogge wy der net fan op dat Dirk-Yde dêr bliuwt yn de Skotse Highlands. Sjoch hjir foar de foto’s.

De Skoalleseize hat it mar drok!
De mannen fan de Skoalleseize hawwe it mar drok. Sneon hawwe sy net allinne allegear beamen omseage ek hawwe sy it nije trainingsfjild nochris bysiede.

Dit gêrs groeit mar hurd!?

Lekker ballen?!
Wy Friezen sizze wolris op sneons efkes lekker boljen te gean. Rotterdammers(as Stefan van Krimpen) sizze meast; “we gaan zaterdag effe lekker balle”. Dizze man nimt dat wol hiel letterlik(klik hjir).

De SDS League
Yn ‘e kantine koenen jim juster de nije stân fan de SDS League al besjen. Moarn stiet der hjir op de side.

Hawwe jimme noch wat, mail it nei info@vv-sds.nl

Miskien letter mear!